Fideoteek

(Trochferwiisd fan Hierfideo)

In fideoteek (fia it Nederlânske videotheek fan it Dútske Videothek) is in bedriuw dat mei films of (soms) tillefyzjesearjes foarbespile bylddragers ferhiert oan partikuliere klanten. Sokke bylddragers wurde hierfideo's neamd, en moatte ûnderskaat wurde fan keapfideo's, dy't net ferhierd mar ferkocht wurde. Foarhinne gie it by hierfideo's om fideobannen, mar tsjintwurdich wurde der benammentlik dvd's ferhierd. De earste fideoteek waard yn 1975 yn Dútslân oprjochte. Yn Nederlân ûntstiene benammen yn 'e 1980-er jierren in soad fan sokke saken. In oansjenlik part dêrfan moast letter wer opdoeke omreden fan tefolle konkurrinsje. Sûnt likernôch 2000 hawwe fideoteken te lijen ûnder in krimpende ferhiermerk. Njonken fideoteken mei in algemien oanbod binne der ek guon dy't har spesjalisearre hawwe yn 'e ferhier fan bygelyks útslutend filmhûsfilms of útslutend pornografyske films.

De gevel fan in fideoteek yn Austin (Teksas).

De earste fideoteek waard yn 'e simmer fan 1975 oprjochte troch Eckhard Baum yn it Dútske Kassel. Baum wie in sammelder fan films op Super 8 film, en doe't bliek dat freonen en kunde fan him dêr belangstelling foar hiene, begûn er harren films út syn kolleksje út te lienen. Fia-fia kamen hieltyd mear lju by him oan 'e doar mei de fraach oft er harren in film útliene woe, en sadwaande krige Baum it idee om dêr jild foar te freegjen en sa in bedriuwke op te setten. Meitiid naam er fideobannen en dvd's yn syn assortimint op. Baum en syn fideoteek wiene it ûnderwerp fan de dokumintêre Eckis Welt, fan Olaf Saumer, út 2006. Yn 2015 fierde Baum it fjirtichjierrich bestean fan syn bedriuw.

De earste fideoteek yn 'e Feriene Steaten waard yn desimber 1977 oan Wilshire Boulevard yn Los Angeles iepene troch George Atkinson. Meitiid kamen yn 'e Feriene Steaten út lytse, pleatslike fideoteken grutte bedriuwen fuort as Blockbuster Video. Yn Nederlân die it ferskynsel 'fideoteek' foar it earst syn yntree yn 'e iere 1980-er jierren, doe't in soad húshâldings in fideorecorder oanskaften. In skoft lang skeaten sokke saken by wize fan sprekken as poddestuollen út 'e grûn, oant ûnderlinge konkurrinsje harren tsjin 'e ein fan 1980-er jierren flink begûn út te tinjen. Yn 't earstoan beaen fideoteken benammen fideobannen oan yn ferskate formaten: VHS, Betamax en Video 2000. Tsjin it begjin fan 'e 1990-er jierren hie VHS de oare beide formaten yn de 'fideobânformaatoarloch' út 'e merk drukt en konsintrearren fideoteken harren sadwaande op VHS-fideobannen mei soms dêrnjonken muzyk-cd's. Yn 'e begjinjierren fan 'e ienentweintichste iuw kamen dvd's deryn en giene de VHS-fideobannen derút. Tsjin 'e ein fan 2000-er jierren waarden blu-ray-skiven yn it assortimint opnommen.

 
In fideoteek yn 'e Feriene Steaten.

Lange tiid wie it sa dat as in film útkaam, der earst in healjier útlutsen waard foar fertoaning yn 'e bioskopen. Nei likernôch seis moanne kaam er dan beskikber foar ferhier yn 'e fideoteken. Nei't der nochris in healjier oerhinne gien waard, kaam deselde film ek út as keapfideo en koed er útstjoerd wurde op 'e tillefyzje. Tsjintwurdich wurde films lykwols faak in pear moannen of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne, al te keap útbrocht op dvd en blu-ray. Dêrnjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer it ynternet by video on demand-bedriuwen, lykas Netflix. Dy ûntwikkelings hawwe makke dat in soad fideoteken om 2010 hinne ferdwûn binne. De oerbleaune saken binne faak útgroeid ta entertainmentwinkels mei in breder assortimint.

Om fideo's hiere te kinnen by in fideoteek moat men lid wêze fan dy fideoteek. Dat hâldt yn dat men jins namme en adres opjaan moat en jins identiteitsbewiis sjen litte moat, sadat de fideoteek wit wêr't de ferhierde films bedarje. Dêrfoar kriget men in lidmaatskipskaart mei in streepkeskoade, dy't neitiid by eltse ferhier scand wurdt. Fideoteken ferhiere de nijste films yn 'e regel by de dei, mei in maksimum fan trije dagen. Aldere films wurde ornaris by de wike ferhierd. Meastal kin men trije films tagelyk hiere. Guon fideoteken hawwe tsjintwurdich abonneminten foar in fêst bedrach yn 'e moanne, dêr't ûnbeheind films mei hierd wurde kinne. Der is dan inkeld in beheining oangeande it tal films dat tagelyk hierd wurde kin.

Auteursrjocht

bewurkje seksje

De ferhier fan boeken, cd's en films is bûn oan 'e wetjouwing op it mêd fan auteursrjocht. De auteursrjochthâlders foegje warskôgings ta oan ferpakking en yn it gefal fan films ek de ynhâld fan produkten dy't bedoeld binne foar ferhier, om ynbrek op it auteursrjocht foar te kommen. Yn in soad gefallen binne de rjochten fan klanten yn Jeropa en Noard-Amearika lykwols eins folle rommer as dat yn sokke warskôgings foarsteld wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en Further Reading, op dizze side.