Hilllich Krúskapel (Trier)

De Hillich Krúskapel is in tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Trier. It is ien fan de âldste Dútske krústsjerken. De kapel soe stifte wêze yn 'e 4e iuw troch de Helena fan Konstantinopel (248–329), de mem fan Konstantyn de Grutte.

Hillich Krúskapel
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trier
adres Arnulfstraße
koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Trier
Arsjitektuer
boustyl Romaanske arsjitektuer
Webside
Side parochy
Kaart
Hilllich Krúskapel (Rynlân-Palts)
Hilllich Krúskapel

Yn 'e 11 iuw liet Arnulfus, de domproast fan Trier, bûten de muorren foar de Porta Alba in romaanske kapel bouwe. Dy kapel waard yn 'e foarm fan in Gryksk krús boud, wêrfan alle fjouwer earms like lang wiene. De krusing waard bekroand mei in achthoekige toer. Nei de kapel rint út it Altbachtal in noch besteande krúswei nei de kapel mei sân staasjes.

 
Barokke krusigingsgroep (1666)

Om it jier 1620 hinne fûnen meardere feroarings oan it gebou plak. De westlike earm fan 'e tsjerke waard langer makke oant de hjoeddeiske ôfmjitting. Oan 'e eastlike kant waarden in sakristy en in oanbou tafoege. Letter yn 'e 17e iuw waard it westlike portaal mei bylden fersierd. Ek krige de kapel in barokke ynrjochting.

Yn 1944 rekke de kapel slim skeind. De weropbou fûn yn 'e jierren 1957-1958 plak, mar de barokke eleminten waarden net werom brocht. De ferlinging fan 'e westlike earm fan 'e kapel bleau lykwols by de weropbou hanthavene. Yn it ramt fan in renovaasje yn 1976-1977 krige de kapel syn romaanske kleuren werom.

Fuort njonken de kapel waard yn 'e jierren 1960-1962 de parochytsjerke fan it Hillich Krús boud neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Gottfried Böhm. Yn dy tsjerke stiet in 17e-iuwske grêflizzingsgroep dy't út de Hillich Krúskapel ôfkomstich is.

De katoliken brûke de tsjerke foar bysûndere tsjinsten lykas foarmingen en jongereintsjinsten. Dêrnjonken makket ek de Russysk-Otterdokse mienskip gebrûk fan 'e tsjerke.

Yn 'e Hillich Krúskapel stiet in oargelposityf mei trije registers fan de firma Meyer, Heusweiler, út it jier 1975.