Himelfeartskleaster (Irkûtsk)

It Himelfeartskleaster (Russysk: Вознесенский монастыр; Voznesenski Monastyr) wie in otterdoksk kleaster yn de Russyske stêd Irkûtsk.

Himelfeartskleaster

Вознесенский монастыр

It kleaster yn 1905-1906
It kleaster yn 1905-1906
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Irkûtsk
plak Irkûtsk
koördinaten 52° 19' N 104° 16' E
Ynformaasje bou
boujier 17e-19e iuw
sloopjier 1930-1933
Kaart
Himelfeartskleaster (Ruslân)
Himelfeartskleaster

Fan 1727 oant 1731 wenne yn it kleaster de yn 1804 hillich ferklearre Innosinsius fan Irkûtsk. De reliken fan de hillige waarden yn de katedraal fan it kleaster fereare.

Nei't de ateïstyske autoriteiten it kleaster earder leech rôven fan weardefolle saken en reliken en it monastike libben ta in ein twongen, waard it kleaster mei de grûn gelyk makke. Njonken de Marije-Himelfeartstsjerke bleaune noch inkelde kleastergebouwen sparre foar de sloop om't se foar de bolsjewiken noch praktysk nut hiene.[1]

De stifting fan it kleaster wie yn 1672, nei't it kremlyn fan Irkûtsk oanlein waard. Op in pear kilometer noardlik fan it kremlyn waard doe yn 'e tichte bosken oan de lofter kant fan de Angara in houten tsjerke ta eare fan de Himelfeart mei in ûnderkommen foar de muontsen en in houten ôffreding boud.

Nei in grutte brân yn 1783 moast it kleaster gruttendiels op 'e nij boud wurde en út dy tiid datearren ek de measte gebouwen.

  • Himelfeartskatedraal of Katedraal fan de Himelfeart (1859-1872; sloopt yn 1933)
  • Tsjerke fan Us Leaffrou fan Tichvin (1691, letter ferboud; sloopt yn 1933)
  • Tsjerke fan Us Leaffrou fan Smolensk (1795-1809; sloopt yn 1932)
  • Tsjerke fan de Himelfeart fan Marije (1780-1783; noch besteand, restaurearre en yn 1998 werom jûn oan de Tsjerke)[2]
  • Tsjerke fan de Presintaasje fan de Hear (1826-1823; sloopt yn 1878 foar de bou fan in nije klokketoer)
 
De healwei de 19e iuw boude Himelfeartskatedraal

De earste houten Himelfeartstsjerke waard yn 1749-1767 ferfongen troch in stiennen katedraal, dy't tusken 1859 en 1872 wer wike moast foar de eklektyske katedraal fan de Irkûtske arsjitekt V.A. Kûdelski.

De twadde tsjerke fan it kleaster waard tusken 1691 en 1692 boud ta eare fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin. Doe't biskop Innosinsius ferstoar, waard foar it bysetten fan syn oerskot de tsjerke yn 1731 ferfongen troch in stiennen gebou.

De yn 1933 sloopte Tsjerke fan it Ikoan fan de Us Leaffrou fan Smolensk waard boud yn 1795-1809 en yn 1837-1841 ferboud yn klassisistyske styl.

 
Tichvintsjerke

De fjirde tsjerke, de tsjerke fan de Presintaasje fan de Hear, waard tusken 1816 en 1823 boud oer de westlike poarte fan it kleaster. Yn 1878 waard de tsjerke ôfbrutsen en op it plak dêrfan de hege klokketoer boud, dy't yn 1881 foltôge waard. De neobarokke klokketoer waard yn 1930 ferwoastge.

De fyfte tsjerke waard tusken 1780 en 1783 boud op it plak fan de âlde houten Marije-Himelfeartstsjerke. Oan de westlike kant fan de tsjerke waard yn de jierren 1874-1875 in refektoarium oanboud. Dy tsjerke is de iennige tsjerke fan it kleasterkompleks dy't sparre waard by de grutskalige ferwoastging fan it kompleks yn de tiid fan it Sovjet-rezjym. De tsjerke waard ta in ferieningsgebou ferboud, mar is yn 1998 werom jûn oan it bisdom en sûnt restaurearre.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: