Hendrik Hendriks Kramer

(Trochferwiisd fan Hindrik Hindriks Kramer)

Hendrik Hendriks Kramer (Wâldsein, 10 novimber 1850Ljouwert, 13 febrewaris 1934) wie in Fryske arsjitekt.

Hendrik Kramer om 1930
Herfoarme tsjerke, Warstiens. 1882.

Libben en wurk bewurkje seksje

Hendrik wie in soan fan keapfardijkaptein Hendrik Hendriks Kramer en winkelfrou Janke Gerbens Aukes fan Wâldsein.

Nei trije jier HBS kaam Kramer, fanwegen syn oanlis foar tekenjen en timmerjen te wurkjen yn in wurkplak en op in tekenburo. Dêrnei gie hy nei Amsterdam foar in oplieding op it buro fan Cornelis Outshoorn.
Nei trije jier yn Amsterdam wurke te hawwen, gie er nei Brussel, dêr't er tegearre mei Henri Evers op ferskate buro's wurke hat.
Nei trije jier Brussel fêstige hy him as selsstannich arsjitekt yn Ljouwert. Yn 1882 ûntwurp hy de herfoarme tsjerke yn Warstiens, noard fan Ljouwert. Ek 'Baensein', de Lânbou-winterskoalle en de MTS binne fan him. Fierders ûntwurp hy in grut tal útienrinnende wurken: tsjerken foar protestantske en doperske gemeenten, skoallen, kantoaren, bankgebouwen, lânhuzen en wenten.
Syn hiele oeuvre toant oan dat hy oer in yngreven kennis fan de klassiken beskikte. Syn âldere wurk is op de wize fan de Flaamske renêssânse, wylst hy yn syn lettere wurk, lykas it argyfgebou fan de 'Algemeene Friesche Levensverzekeringsmaatschappij', in mear eigen wei gie.
Kramer wie ferbûn oan de ôfdieling 'Ljouwert' fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten. Hy wie eareboarger fan Ljouwert en jierrenlang foarsitter fan de Fryske provinsjale Skientmekommisje. Hy ferstoar op 83-jierrige leeftyd.

Untwerpen fan Kramer (karút) bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: