Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz

(Trochferwiisd fan Hindrik Kasimir I)

Hindrik Kasimir I (Arnhim, 31 jannewaris of 10 febrewaris 1612Hulst, 12 of 22 july 1640) wie greve fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte fan 1632 ôf oant syn dea. Hy wie opfolger fan syn heit Ernst Kasimir, dy't sneuvele yn de Slach by Roermond.

Hindrik Kasimir I

Under it bewâld fan Hindrik Kasimir gong it Fryslân ekonomysk foar de wyn. Polityk sjoen hie Hindrik Kasimir net folle yn te bringen: hy krige in beheinde ynstruksje en wie foaral in bestjoerlik amtner. It wantrouwen tsjin de steedhâlder en de lokale machthawwers boaze oan troch de ferdieling fan de oarlochslêsten.

Yn 1635 stjoerden njoggen Fryske stêden de troch de steedhâlder beneamde froedskipsleden fuort. Sy woenen krektas Frjentsjer en Ljouwert in frije riedsbestelling. De broer fan de 17e histoarikus Lieuwe van Aitzema spile hjiryn in wichtige rol as boargemaster fan Dokkum. Op 5 novimber 1637 waarden de saken werom draaid, neidat de steedhâlder drige om Harns te besetten. Inkeld troch militêr yngripen en tuskenbeide kommen fan de Steatsrie yn 1637 slagge it om de rest yn Fryslân werom te krijen. Ferfolgens waarden foar eltse stêd regeringsregleminten opsteld, dy't bleaunen oant 1748.

Hindrik Kasimir wie in betûft militêr, dy't net opfoel. As Fryske steedhâlder mocht er net op eigen gesach it leger ferpleatste. Hy wie belutsen by de oermastering fan Breda yn 1638, tegearre mei steedhâlder Freark Hindrik. Op 12 july 1640 rekke hy ferwûne yn Sint Jansteen by de Slach by Hulst. De folgjende dei ferstoar hy oan syn ferwûnings. Hindrik Kasimir leit begroeven yn Ljouwert.

Hindrik Kasimir wie net troud en hie gjin bern. Hy waard as steedhâlder yn Fryslân opfolge troch syn broer Willem Freark.

  • Plaat, G. van der (2003) Eendracht als opdracht. Lieuwe van Aitzema’s bijdrage aan het publieke debat in de zeventiende-eeuwse Republiek, p. 134-9.

Keppeling om utens

bewurkje seksje