Hingjende Wolk
Hingjende Wolk (Ingelsk: Hanging Cloud; Odjibwe: Aazhawigiizhigokwe; noardlik Wiskonsin, ±1835 – Lac Courte Oreilles Yndianereservaat (Wiskonsin), 1919) wie in squaw fan 'e Odjibwe (Ojibwe), in Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren. Hja waard ferneamd trochdat hja harsels ta kriger makke; neffens it Histoarysk Genoatskip fan Wiskonsin wie Hingjende Wolk de iennichste Odjibwe-frou dy't dy status ea wûn.
Hingjende Wolk | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Aazhawigiizhigokwe | |
oare namme | Hanging Cloud | |
nasjonaliteit | Odjibwe | |
berne | ±1835 | |
berteplak | Rice Lake (Wiskonsin) | |
stoarn | 1919 | |
stjerplak | Lac Courte Oreilles Reservaat (Wiskonsin) | |
etnisiteit | Odjibwe | |
wurkpaad | ||
aktyf as | kriger | |
jierren aktyf | midden 19e iuw | |
reden bekendheid |
froulike kriger |
Libben
bewurkje seksjeHingjende Wolk waard omtrint 1835 berne yn Rice Lake, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, as lid fan 'e Makwa-dodem ('Beareklan') fan 'e Odjibwe. Har Odjibwe-namme Aazhawigiizhigokwe betsjut eins 'Giet-troch-de-Loft'. Hja wie de dochter fan it Odjibwe-opperhaad Moaimeitsjende Fûgel (Nenaa’angebi) en dy syn frou Niigi’o. Yn 1854 waard de mienskip dêr't Hingjende Wolk opgroeid wie lid fan 'e Lac Courte Oreilles-troep, as ûnderdiel fan 'e ôfspraken dy't mei it Amerikaanske regear makke wiene by it twadde Ferdrach fan La Pointe.
Al jong toande Hingjende Wolk belangstelling foar it krigerskip, dat ûnder de Odjibwe tradisjoneel in manlike ynstelling wie. Hja wist foar harsels de status fan in folweardich kriger (ogichidaakwe) te winnen, en waard fan dy tiid ôf faak oantsjut mei de bynamme Ashwiyaa, dat 'Bewapenet-Harsels' betsjut. Neffens skiedkundige Richard E. Morse droech Hingjende Wolk oarlochsferve, wie se feardich mei alle wapens, en naam se aktyf diel oan gefjochten, skermutselings en oerfallen. Se wie in folweardich lid fan 'e oarlochsrie fan 'e Lac Courte Oreilles-troep, fierde kriichsdûnsen út en naam diel oan krigerseremoanjes. Lykwols liket se gjin twigeast west te hawwen, mei't se frouljusklean droech en behalven har krigersrol gjin manlike eigenskippen oernaam. Koart nei't har heit yn 1855 kommen wie te ferstjerren, waard it doarp fan Hingjende Wolk oanfallen troch de Eastlike Dakota ûnder lieding fan har omke, it opperhaad Shakopee, dat de twillingbroer fan har heit wie. Yn it gefjocht dat folge, deade Hingjende Wolk in soan fan dyselde, dat in folle neef fan har wie.
Hingjende Wolk troude trije kear, hieltyd mei blanke manlju. Har earste houlik wie mei in houtsjer út Taylor Falls, yn Minnesota, dy't fan Joe Koveo hiet. Ut dy relaasje waard in dochter berne, dy't Ogimaabinesiikwe hiet, mar nei har eigen houlik mei in John Quaderer jr. bekend kaam te stean as Julia Quaderer. Koveo wie lykwols in smjunt dy't thús yn Minnesota al in blanke frou hie, en hy liet syn nije gesin dan ek hast fuortendaliks alwer yn 'e steek. Neitiid wertroude Hingjende Wolk mei James Bracklin, de earste boargemaster fan Rice Lake, mei wa't se trije bern krige: Nellie, Thomas en James jr. Ek Bracklin liet har lykwols yn 'e steek doe't er de kâns krige om mei in blanke frou te trouwen dy't fan Minnie Russell hiet. Hingjende Wolk har trêde en lêste houlik wie mei de houtsjer Samuel Barker, dy't noch twa bern by har oansette, Mary en Edward. Mar ek Barker ferliet har foar in blanke frou. Op jierren wenne Hingjende Wolk sadwaande yn by har soan Thomas Bracklin, yn it Lac Courte Oreilles Yndianereservaat. Hja stoar yn 1919, yn 'e âlderdom fan omtrint 85 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |