Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl

De Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl foarmje meiïnoer it UNESCO-wrâlderfgoed yn 'e Turkske stêd Istanbûl. De monuminten fertsjintwurdigje mear as 2.000 jier skiednis út ferskillende kultueren.

Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Turkije Turkije
plak Istanbûl
UNESCO folchnûmer 356
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)
ynskriuwing 1985 (9e sessy)
útwreiding 2017
Kaart
Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl (Turkije)
Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De fan oarsprong Grykske stêd Byzantium waard yn 667 stifte. It wie letter de haadstêd fan it East-Romeinske en Byzantynske Ryk. Op 29 maaie 1453 oermastere it leger fan 'e Ottomaanske sultan Mehmet II de stêd. Dy ferovering betsjutte de ein fan it Byzantynske Ryk. Oant 1923 hiet de stêd Konstantinopel. Yn dat jier waard de namme offisjeel Istanbûl.

De histoaryske stêd wie mear as 2.000 jier de lokaasje fan grutte histoaryske en religieuze barrens. It wrâlderfgoed leit op in skiereilân en wurdt omfieme troch de Gouden Hoarn: yn it noarden troch in natuerlike haven, yn it easten troch de Bosporusen yn it suden troch de See fan Marmara. De muorren fan Teodosius út de fyfte iuw beskermen de stêd iuwenlang tsjin ynkringers oant it krúsfardersleger yn 1204 troch de muorren brieken en de stêd plondere. Mear as twa iuwen letter foel Konstantinopel nei in belis yn 'e hannen fan 'e Turken.

Foarbylden fan 'e yn it wrâlderfgoed opnommen monuminten binne it Hippodroom fan Konstantyn, de 6e-iuwske Hagia Sofia en de 16e-iuwske Süleymaniye moskee. De monuminten wurde hast allegear bedrige troch de befolkingsgroei, de miljeu-fersmoarging en in minne stedsplanning.

It wrâlderfgoed beslacht fjouwer sônes, dy't oan 'e hân fan 'e meast ymposante monuminten de belangrykste perioades fan 'e stêd wjerspegelje:

  • it archeogloyske park op de punt fan it skiereilân;
  • de Süleymaniye-wyk mei de Süleymaniyemoskee, de bazars en de tradisjonele bebouwing;
  • de Zeyrek wyk en de eardere Pantokratortsjerke;
  • de sône fan 'e Byzantynske ferdigeningswurken.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl fan Wikimedia Commons.