Pantokrator-kleaster

Pantokratorkleaster
Gryksk: Μονή του Παντοκράτορος Χριστού
Turksk:Zeyrek Camii
bouwurk
Fan lofts nei rjochts: apsis fan 'e Kristus-Pantokratortsjerke, de keizerlike kapel en de Tsjerke fan 'e Teotokos Eleousa.
Fan lofts nei rjochts: apsis fan 'e Kristus-Pantokratortsjerke, de keizerlike kapel en de Tsjerke fan 'e Teotokos Eleousa.
lokaasje
lân Turkije
plak Istanbûl-Fatih
adres İbadethane Arkası Sok
koördinaten 41°02'N 28°59'E
bysûnderheden
type bouwurk moskee; oarspronklik tsjerke
boujier Earste fearn 12e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
kaart
Pantokrator-kleaster (Istanbûl-Sintrum)
Pantokrator-kleaster
Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 356
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)
ynskriuwing 1985 (9e sessy)
gebiet 765.5 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

It Pantokratorkleaster (Turksk: Pantokrator Manastırı) of de Zeyrek Moskee (Molla Zeyrek Camii) is in moskee yn 'e Turkske wyk Fatih fan Istanbûl. De moskee bestiet út twa eardere otterdokse tsjerken en in kapel. It gebou fertsjintwurdiget ien fan 'e meast typyske foarbylden fan 'e Byzantynske arsjitektuer fan it âlde Konstantinopel. It is nei de Hagia Sofia it grutste noch jimmeroan besteande fan 'e Byzantinen boude religieuze bouwurk yn it hjoeddeiske Istanbûl.

It kompleks stiet yn it distrikt Fatih yn in buert, dy't de namme (Zeyrek) oan 'e moskee ûntlient. Minder as in kilometer súdeast stiet de Eski Imaret Moskee, de eardere tsjerke fan it kleaster fan Kristus-Pantepoptes.

Tusken 1118 en 1124 liet keizerin Irene in kleaster bouwe, dat oan Kristus Pantokrator wijd waard. It kleaster bestie út in katolikon, de haadtsjerke fan it kleaster, in hospitaal en in bibleteek.

Nei de dea fan syn frou, al gau nei 1124, boude keizer Jehannes II Komnenos noch in oare tsjerke oan 'e noardlike kant fan 'e earste tsjerke. Dy tsjerke waard wijd oan de Teotokos Eleousa (de genedefolle Mem Gods). Lang om let waarden der oan it kompleks ek in súdlike binnenhôf en in narteks tafoege en de twa tsjerken troch in oan Sint-Michael wijde kapel meiïnoar ferbûn. Dy kapel waard it keizerlike mausoleum fan 'e Komnenen en de Paleologen.

Nei de Latynske oermastering fan Konstantinopel yn 1204 wie it kompleks it sintrum fan 'e Feneesjaanske geastlikheid. It kleaster waard ek brûkt as paleis fan 'e lêste Latynske keizer, Boudewyn II. Nei in restauraasje ûnder de Paleologen waard it kleaster wer op 'e nij troch otterdokse muontsen brûkt. De meast bekende dêrfan wie Gennadius, dy't it kleaster ferliet om nei de oermastering fan Konstantinopel troch de Turken fan 'e stêd de earste patriarch fan Konstantinopel ûnder islamitysk bestjoer te wurden.

 
It islamityske ynterieur fan 'e Pantrokratortsjerke.

Al gau nei de islamityske ynname fan 'e stêd waard it kleaster yn in moskee feroare. It kleastergebouwen waarden foar in skoft as madrassa brûkt. De Ottomanen ferneamde it nei mûlla Zeyrek, in gelearde dy't dêr les joech. De kleastertsjerke bleau ien fan 'e pear gebouwen yn Istanbûl, wêrfan't de kristlike oarsprong nea hielendal weisuvere waard. Nei de foltôging fan 'e madrasse by de Fatih-moskee yn 1471 ferhûzen de studinten fan Zeynek nei de nije lokaasje. De sellen fan it âlde Byzantynske kleaster binne letter ôfbrutsen.

Oant net sa lang lyn wie de moskee in útsloerd spul. It gebou belâne dêrtroch op 'e folchlist fan bedrige monuminten fan UNESCO. De lêste tiid hat it kompleks in restauraasje ûndergien.

Op 'e Hagia Sofia nei is de moskee it grutste noch besteande religeuze gebou fan Istanbûl dat boud waard troch de Byzantinen.

Fan it oarspronklik tige rike Byzantynske ynterieur is hast neat oerbleaun. Under de tapijten leit noch in keunstsinnige flier fan moarmer ferwurke yn cloisonné-technyk, dy't fersierd is mei bisten en minsken. Ek binne der fragminten fan kleurd glês bewarre bleaun. De mozaïken mei foarstellings fan 'e apostels en it libben fan Kristus wiene noch oant de 18e iuw te sjen, alhoewol't se doe al troch it ferwiderjen fan 'e gesichten skeind wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Zeyrek Mosque