Hâlden en dragen

(Trochferwiisd fan Hold en droech)

Hâlden en dragen, of mei in no folslein ynboargere hollanisme gedrach, is it hiele ferskaat oan aksjes, reäksjes en oanwensels fan persoanen, organismen, systemen, keunstmjittige entiteiten of foarwerpen yn ferbân mei harrensels of har om-en-by. Dat om-en-by omfettet sawol it natuerlike miljeu as it sosjale fermidden. Ofhinklik fan 'e krekte definysje kin hâlden en dragen allinnich slaan op uterlik, overt gedrach, of dêrnjonken ek op ynderlik, kovert gedrach, lykas tinken en fielen.

Fierders kin hâlden en dragen bewust of ûnbewust, iepentlik of temûk, en frijwillich of ûnfrijwillich wêze. It wurdt mei bepaald troch it endokrine systeem en it senuwstelsel: de kompleksiteit fan it hâlden en dragen fan in organisme is besibbe oan 'e kompleksiteit fan it senuwstelsel fan datselde organisme. Oer it algemien hawwe organismen mei komplekse senuwstelsels in gruttere kapasiteit om nije reäksjes oan te learen en sa harren hâlden en dragen oan te passen oan nije omstannichheden.

Benammen by minsken (mar ek by oare organismen en sels by meganismen) falt eltse foarm fan hâlden en dragen binnen in trochgeande bôge dy't rint fan algemien gedrach (dat in hiel soad foarkomt) fia ûngebrûklik (nuver) gedrach en akseptabel gedrach (tige nuver mar net direkt ferkeard) nei ûnakseptabel (ûnwinske) gedrach. Dêrby wurdt de akseptabelens fan hâlden en dragen evaluëarre oan 'e hân fan 'e jildende noarmen en wearden en regele troch ferskate foarmen fan sosjale kontrôle.

Hâlden en dragen wurdt bestudearre troch ferskate tûken fan 'e wittenskip. Sa wurdt minsklik hâlden en dragen bestudearre troch de psychology, sosjology en antropology. It hâlden en dragen fan bisten wurdt bestudearre troch ferskate tûken fan 'e soölogy (lykas de mammalogy, de ornitology en de herpetology) en ek troch de etology (of gedrachsbiology), de gedrachsekology en de sosjobiology. It hâlden en dragen fan planten wurdt bestudearre troch de botany en dat fan skimmels troch de mykology. It hâlden en dragen fan systemen wurdt bestudearre yn 'e systeemteory.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.