Gerulfingen

(Trochferwiisd fan Hollânske Hûs)

De Gerulfingen, wie de famylje fan de earste greven fan (West-)Fryslân en Hollân. De nammejouwer wie Gerulf de Aldere († nei 839), dêr´t fan oannomd wurdt, dat er ôfstammet fan de Fryske kening Redbad († 719). De haadliny fan de famylje stoar út yn 1299. In sydliny wienen de greven fan Bentheim, dy't yn 1421 likegoed útstoar. De famylje stiet ek wol bekend as it Hollânske Hûs.

wapenskyld fan de Gerulfingen

De Gerulfingen hawwe ien Roomsk-kening fuortbrocht: Willem II. Neffens de oerlevering soe der in tal sydstagen wêze fan dizze dynasty west hawwe fan bern, dy't net berne wienen binnen it houlik. Hja hearden dan ek net ta de haadstaach fan de famylje. Inkele foarbylden fan dizze famyljes dy't neamd wurde binne de Van Egmonds en de Van Wassenaars en de Jellema's. Neamd wurde as sydstaach fan de greeflike famylje kin lykwols ek in wize om jins reputaasje te fergrutsjen. Bastertbern waarden yn dy tiid noch net sa ôfkard as letter it gefal wurde soe. Hoewol't se net streekrjocht opfolgje koenen, koenen se wol brûkt wurde om famyljebelangen feilich te stellen.

Utsein Hollân hienen de Gerulfingen ek it bewâld oer Seelân en meitsje oanspraak op Mid Fryslân. Ferskate greven hawwe besocht Westerlauwersk Fryslân yn besit te krijen mar binne dêr lang om let net goed yn slagge.

Doe't de Gerulfingen útstoarnen waard It Hollânske Hûs opfolge troch de Henegouwse hearen fan it Hûs fan Avesnes.

In sydstaach fan de Gerulfingen wie eigener fan it greefskip Bentheim. It besit kaam yn de famylje troch it houlik fan de erfdochter Sophia van Rheineck mei greve Durk VI fan Hollân. Harren âldste soan Floaris III fan Hollân krige it greefskip Hollân, de jongere soan Otto it greefskip Bentheim. Dizze staach stoar ein 14e iuw út, wêrnei't Bentheim yn froulike line fererve.