Filmfestival fan Hollywood

(Trochferwiisd fan Hollywood Film Festival)

It Filmfestival fan Hollywood (Ingelsk: Hollywood Film Festival) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e wyk Hollywood fan 'e Amerikaanske stêd Los Angeles, yn it suden fan 'e steat Kalifornje.

Filmfestival fan Hollywood
Hollywood Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles County
plak Los Angeles
holden yn de wyk Hollywood
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
ôfkoarting HFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1997 – no
oprjochter Carlos de Abreu en
   Janice Pennington
offisjele webside
www.hollywoodfilmfestival.com

Skiednis bewurkje seksje

It Filmfestival fan Hollywood waard yn 1997 oprjochte troch skriuwer en filmprodusint Carlos de Abreu en dy syn frou, it model Janice Pennington. It is bedoeld as in platfoarm foar makkers fan ûnôfhinklike films om oansluting te finen by de filmyndustry fan Hollywood.

Struktuer bewurkje seksje

It Filmfestival fan Hollywood bestiet út in stikmannich seksjes, dy't foarmjûn binne as parallel rinnende filmfestivaltsjes. Dêrby giet it om:

  • it Bernefilmfestival fan Hollywood (foar bernefilms)
  • it Digitaal Filmfestival fan Hollywood (foar ynternetfilms)
  • it Dokumintêrefilmfestival fan Hollywood (foar dokumintêres)
  • it Horrorfilmfestival fan Hollywood (foar horrorfilms)
  • it Ynternasjonaal Filmfestival fan Hollywood (foar films út it bûtenlân)
  • it Koarte Filmfestival fan Hollywood (foar koarte films)
  • it Komeedzjefilmfestival fan Hollywood (foar komeedzjefilms)
  • it Tekenfilmfestival fan Hollywood (foar tekenfilms)
  • it Unôfhinklik Filmfestival fan Hollywood (foar ûnôfhinklike films)
  • it Wrâldfilmfestival fan Hollywood (foar ûnôfhinklike films út it bûtenlân)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.