Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH

(Trochferwiisd fan Holtzbrinck)

De Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH is ien fan 'e grutste útjouwerijen fan Dútslân, dy't fêstige is yn Stuttgart, yn súdwestlike dielsteat Baden-Wuertemberch. It bedriuw is no wrâldwiid aktyf troch de oankeap fan in grut tal oare útjouwerijen, wêrfan't it Britske Macmillan Publishers de grutste en wichtichste is. Mei de Hachette Book Group, HarperCollins Publishers, Penguin Random House en Simon & Schuster wurdt Holtzbrinck-Macmillan no ta de fiif grutste Ingelsktalige útjouwers fan 'e wrâld rekkene. Bekende útjeften fan Holtzbrinck binne it boek de Satansfersen, fan Salman Rushdie, it Amerikaanske wittenskiplike tydskrift Nature en de Dútske krante Die Zeit.

Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH
algemien
nasjonaliteit Dútsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Stuttgart (Dútslân)
oprjochte 1948
oprjochter Georg von Holtzbrinck
eigner Monika Schoeller
Stefan von Holtzbrinck
dochters sjoch ûnder ymprints
sifers
omset €2,1 miljard (2005)
winst €142 miljoen (2005)
aktyf yn hiele wrâld
wurknimmers 14.000 (2005)
offisjele webside
www.holtzbrinck.com

De Verlagsgruppe ("útjouwersgroep") dy't syn namme krige, waard yn 1948 as in boekeklub oprjochte troch de Dútske ûndernimmer Georg von Holtzbrinck. Yn 'e sechstiger jierren naam it bedriuw de foaroansteande Dútske útjouwerij S. Fischer Verlag oer, en yn 1982 Rowohlt Verlag.

Yn 1985 krige Holtzbrinck de kommersjele difyzje fan Holt, Rinehart and Winston yn 'e hannen, dy't doe omneamd waard ta Henry Holt and Company. In jier letter waard it tydskrift Scientific American oankocht foar $52,6 miljoen. Neitiid waard yn 1994 in mearderheidsbelang yn 'e útjouwerij Farrar, Straus & Giroux oankocht fan útjouwer Roger W. Straus jr., dy't mei pinsjoen gie. Yn 1995 naam Holtzbrinck in mearderheidsbelang fan 70% yn Macmillan Publishers, wylst de restearjende 30% yn 1999 opkocht waard.

Yn 2005 hie Holtzbrinck in omset fan €2,1 miljard, wêrfan't 49% yn Dútslân fertsjinne waard, en 23% yn Noard-Amearika. De brutowinst wie dat jiers €142 miljoen, en it bedriuw hie wrâldwiid 14.000 wurknimmers. Yn 2007 waard it liedende Dútske sosjale netwurk StudiVZ oankocht. Yn 2015 waard in fúzje oankundige fan 'e Nature Publishing Group, in ûnderdiel fan Macmillan, mei Springer Science+Business Media.

yn Dútslân
yn 'e Angelsaksyske lannen
yn Yndia

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.