Macmillan Publishers

(Trochferwiisd fan Macmillan New Writing)

Macmillan Publishers Ltd., ek wol bekend as de Macmillan Group, is in Britske útjouwerij, dy't oprjochte waard yn 1843 en dy't fêstige is yn Londen. It is ien fan 'e grutste en meast foaroansteande útjouwerijen fan it Feriene Keninkryk, dy't wrâldwiid aktyf is, mei kantoaren yn 41 ûnderskate lannen. Sûnt 1995 makket Macmillan ûnderdiel út fan 'e Dútske Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.

Macmillan Publishers Ltd.
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1843
oprjochter Daniel Macmillan en
Alexander Macmillan
eigner Verlagsgruppe Georg von
   Holtzbrinck GmbH
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.macmillan.com

Macmillan waard yn 1843 yn Londen oprjochte troch Daniel en Alexander Macmillan, twa Skotske bruorren dy't ôfkomstich wiene fan it eilân Arran, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Hebriden. Fan dy beiden hie Daniel ferstân fan saken, wylst Alexander niget hie oan literatuer. Tegearre soargen se derfoar dat sokke grutte nammen as Charles Kingsley, Thomas Hughes, Christina Rossetti, Lewis Carroll, Alfred Lord Tennyson, Thomas Hardy en Rudyard Kipling harren wurk by Macmillan publisearren. Behalven literatuer brocht de útjouwerij ek non-fiksje út, wêrûnder standertneislachwurken lykas it Grove Dictionary of Music and Musicians (1877) en it Dictionary of Political Economy (1894-1899).

Macmillan fêstige yn 1869 troch syn folmacht George Edward Brett ek in kantoar yn New York, mar ferkocht syn belangen yn 'e Feriene Steaten yn 1896 oan Brett syn soan en pakesizzer, George Platt Brett sr. en George Platt Brett jr. Dy besleaten fanwegen nammebekendheid om 'e namme fan Macmillan Publishers te behâlden, ek al wie it Amerikaanske Macmillan fan dy tiid ôf in folslein selsstannich bedriuw. It Britske Macmillan bejoech him yn 1952 op 'e nij op 'e Amerikaanske merk fia syn dochterûndernimming St. Martin's Press.

Yn 'e tweintichste iuw brocht Macmillan Publishers wurken út fan bygelyks William Butler Yeats en Margaret Mitchell. Yn 1964, nei't er him weromlutsen hie út 'e polityk, waard de eardere Britske premier Harold Macmillan presidint-direkteur fan 'e útjouwerij, in funksje dy't er oant syn dea yn desimber 1986 útoefenje soe. Nei't yn 1987 de earder selsstannige útjouwerij Pan Books folslein oernommen wie troch Macmillan, waard ek úteinset mei it útjaan fan boeken ûnder de ymprint Pan Macmillan. Macmillan Publishers wie ien fan 'e âldste selsstannige útjouwerijen yn Grut-Brittanje, doe't de famylje Macmillan yn 1995 in mearderheidsbelang fan 70% yn it bedriuw ferkocht oan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH. De restearjende 30% waard yn 1999 troch Holtzbrinck opkocht, wêrmei't in ein kaam oan 'e bemuoienissen fan 'e famylje Macmillan mei de útjouwerij. It Amerikaanske Macmillan kaam ûnderwilens yn 1998 yn 'e hannen fan Pearson PLC, dat it yn 2001 trochferkocht oan Holtzbrinck. Sadwaande binne fan dy tiid ôf alle rjochten op 'e namme Macmillan wer yn ien hân.

 
De stand fan Macmillan Publishers op in boekebeurs.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References en Further reading, op dizze side.