Holysleat[2] (Nederlânsk: Holysloot) is in doarp yn de Amsterdamse wyk Lanlik Noard, yn it stedsdiel Amsterdam-Noard, yn de gemeente Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân. It doarp hat de status fan beskerme doarpsgesicht.

Holysleat
Holysloot
Strjitbyld fan Holysleat
Strjitbyld fan Holysleat
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
Gemeente Amsterdam
Stedsyndieling Lanlik Noard
Gemeente-yndieling Amsterdam-Noard
Sifers
Ynwennertal 280 (2024)[1]
Oar
Postkoade 1028
Netnûmer 020
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 25' NB, 5° 2' EL
Kaart
Holysleat (Noard-Hollân)
Holysleat
Kaart
Strjitbyld fan Holysleat
Lizzing Holysleat yn 'e gemeente Amsterdam

De namme Holysleat betsjut sokssawat as ‘leech lizzend gebiet oan in sleat’. Dizze beskriuwing is typysk foar hast hiel Wetterlân.

De ierst bekende fermelding fan Holysleat datearret út de 13e iuw, doe’t greve Floris V wat foarrjochten joech oan “die van Ransdorp en Hoolesloot”.

Tusken 1818 en 1921 makke Holysleat diel út fan de gemeente Ransdoarp. Dy gemeente waard op 1 jannewaris 1921 part fan de gemeente Amsterdam.

De lokaasje fan Holysleat is wat isolearre. Yn it noarden leit it doarp oan de Holysleattemer Die. Simmers fiert der in pont foar fytsers en fuotgongers dy’t fia in tsjerkepaad de wei nei Broek yn Wetterlân en Suderwâlde berikke kinne. It doarpke bestiet mar út ien strjitte, de Doarpsstrjitte Holysleeat, dy’t lofts en rjochts fan de Bloemendalergoa dearint. Foar auto’s is it doarp dan ek fia ien dyk te berikken, de Bloemendalergoa. Dat jildt ek foar busline 30, dy’t tusken 1968 en 2018 it doarp mei Ransdoarp, Durgerdam, Skellingwâlde, Nijendam en it winkelsintrum Boven ‘t Y ferbûn. Sûnt 3 febrewaris 2018 wurdt de line útbestege as fraachôfhinkelik iepenbier ferfier oan taksybedriuw RMC. Op 1 july 2020 waard it ferfier oernaam troch Mokumflex.

 
De wyt beplastere tsjerke fan Holysleat

De tsjerke fan Holysleat, in ryksmonumint, wurdt brûkt troch de PKN: Protestantske gemeente Ransdorp-Holysleat. De grifformearde tsjerke, boud nei de wettersneed fan 1916, tsjinnet as wenhûs en is in gemeentlik monumint.

Foart eastlik fan Holysleeat binne spoaren te sjen fan it nea ôfmakke Goudriaankanaal. By de ynwenners is it kanaal bekend as it ‘Napoleonkanaal’. Oan de eastkant fan it doarp is in fuotpaad nei de dyk. Dat fuotpaad waard brûkt troch de ynwenners foar dyksûnderhâld. Dat paad wurdt it ‘tsjerkepaad’ neamt. Under de ynwenners is dat paad bekend mei de namme ‘Padland’.

Holysleat wie in ynspiraasjeboarne foar de koarte film Volgend jaar in Holysloot fan filmmakker Emiel van Moerkerken. It doarp is begjin- en einpunt fan de film. Van Moerkerken wûn mei dy film yn 1983 in Gouden Keal. Ek de Jiskefet-searje “De Perkse Diep” is yn Holysleat opnaam.

  • Als Amsterdam zich over ons ontfermt, de geschiedenis van de inlijving bij Amsterdam van de gemeenten Buiksloot, Nieuwendam en Ransdorp in 1921. Utjefte Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 1996.
  • Terugblikken op Waterland. Hoofdstukken uit de geschiedenis van Amsterdam-Noord. Utjefte Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 2000. ISBN 90-801180-4-4
  • Van Hoolesloot tot Holysloot. Dorp van zeevaarders, boeren en buitenlui. Utjefte 2020. ISBN 978-9464022018 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. [https://www.delpher.nl/nl/kranten/results?query=holysleat&page=1&coll=ddd Huisman, Kerst, It droanen fan oksen yn De Ryp, yn: de Ljouwerter Krante, 9 oktober 1991, s. 23.