Holzfeld
Holzfeld is it meast súdlike doarp fan de tsien Ortsbezirken fan de Dútske gemeente Boppard, Rynlân-Palts (Rynlân-Palts).
Holzfeld | ||
De tsjerke fan Holzfeld | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Stedsyndieling | Boppard | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 432 (2019) | |
Oerflak | 2,05 km² | |
Befolkingsticht. | 210 ynw./km² | |
Hichte | 290 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56154 | |
Koördinaten | 50° 09'N 7° 38'E | |
Kaart | ||
It doarp wie eartiids in selsstannige gemeente, mar makket sûnt 31 desimber 1975 part út fan de gemeente Boppard. Fanwegen de boskrike omkriten it in doarp in populêr begjin foar it meitsjen van langere kuiertochten. Dêrnjonken wurdt it lânskip om Holzfeld hinne foarme troch fjilden en hôvings. Holzfeld leit oan de noch net sa lang lyn oanleine Rhein-Burgen-Wanderweg.
Sûnt 2002 heart Holzfeld, as part fan de Stêd Boppard, by it Wrâlderfskip "Kultuerlânskip Boppe Middenryndelte" fan UNESCO.
Namme
bewurkje seksjeDe namme Holzfeld is te tankjen oan de geografyske lokaasje en stammet út it Middelheechdútsk: Hals betsjut smel útrinnende hichte.
Mynbou
bewurkje seksjeEarder besykjen om by Holzfeld koper en sink te dollen mislearren, mar yn 1867 waard der op in diepte fan mear as 500 meter troch de Carlsgrube lead wûn. Ien fan de skachten rûn sels ûnder de Ryn troch en tsjinne as ferbining mei oare minen op de rjochter kant fan de Ryn. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de minen by loftoanfallen as skûlplak brûkt. Koart nei de kriich waard de myn slúten. Ek hjoed-de-dei binne der yn it boskgebiet fan Holzfeld noch oantinkens oan de mynbou te finen.
De tsjerke
bewurkje seksjeOp in ferheging yn it noardwestlike diel fan it doarp stiet de protestanske tsjerke út de 16e iuw. De toer is midsiuwsk. Eartiids lei der om de wartsjerke in hege muorre. Yn de tsjerke stiet in seishoekich doopfont fan basaltlava út de foargoatyske tiid.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Holzfeld fan Wikimedia Commons. |