Horatius Albarda (Ljouwert, 28 febrewaris 1904 - Switserlân, 17 maaie 1965) wie in Nederlânsk sakeman. Fan 1963 oant 1965 wie er presidint-direkteur fan de Keninklike Loftfeart Maatskippij (KLM).

Horatius Albarda (1963)

Albarda studearre rjochten oan de Universiteit fan Leien en promovearre yn 1933. Yn 1932 waard er amtner by it Ministearje fan Finânsjen. As waarnimmend tesauriër-generaal gie er neijier 1940 by dat ministearje wei en kaam er yn tsjinst fan it bankierskantoar Heldring en Pierson. Nei de befrijding hat er in healjier sekretaris-generaal fan it Ministearje fan Finânsjen west. Yn 1946 waard er direkteur fan de Nederlandsche Handel-Maatschappij en lid fan de ried fan bestjoer fan de KLM. Op 27 juny 1963 folge er Ernst van der Beugel op as presidint-direkteur fan de KLM. Albarda hie teffens ferskate funksjes yn de Nederlânske hannel en yndustry. Hy wie lid fan de kommisje-Hirschfeld dy't it regear rie joech oer it Marshallplan. Hy wie Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau en Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Horatius Albarda stoar yn in fleantúchûngemak yn Switserlân. Ek syn frou, Johanna Charlotte van Poelvoorde, ferlear dêrby it libben.