Horatius Nieubuur Ferf
(Trochferwiisd fan Horatius Nieuwbuur Ferf)
Horatius Nieubuur Ferf (Ljouwert, 17 septimber 1776 - Burgum, 6 septimber 1859) wie in frijsinnich herfoarme predikant en skoalopsjenner.
Hy studearre teology yn Utert en promovearre op it proefskrift De fide et auctoritate Matthaei in referenda Jesu oratione cap. V-VII (Traj. ad Rh. 1799). Maaie 1802 waard er predikant yn Molkwar en yn 1806 yn Burgum, dêr't er oant syn emeritaat yn 1848 bleau. Ek hat er 43 jier lang skoalopsjenner west en wie er fan 1821 oant 1824 foarsitter fan it provinsjaal tsjerkebestjoer fan Fryslân.
Ferf boaske yn 1806 yn Molkwar oan Anna Eldering dy't 3 july 1862 yn Burgum ferstoar.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Redevoering over het allergrootst belang van eene echt godsdienstige vorming der jeugd in de lagere scholen (Ljouwert, 1841) hjir te lêzen.
- Het Godsbestuur zigtbaar in het vijftigjarig bestaan van het verbeterd onderwijs in de lagere scholen van ons Vaderland. Feestrede (Ljouwert 1852).
- Oersetting fan K.G. Bretschneider syn De godgeleerdheid en de onwenteling.... (Ljouw., 1838; 2de pr. Grins 1846).
- Noodige bijlagen tot het stuk, getiteld: De geestlijkheid ontmaskerd...., mei Ds. H.W.C.A. Visser fan Warns, (Snits 1805).[1]
- Preken: Leerrede over Joh. 11:35 (Ljouw., 1810), en Hulde aan God en Jezus. (Burgum, 1851).
Literatuer
bewurkje seksje- J.J. Kalma, Horatius Nieubuur Ferf (1776-1859): dominee-schoolopziener : bibliografie 1981
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ferf.
Noaten:
|