Hotel Ozinga
Hotel Ozinga is de namme fan in eardere herberch yn Snits, dy't bestie fan 1845 oant 2001. Hotel Ozinga waard benammen bekend troch de gemoedlike sfear dy't fan 1930 - 1996 benammen bepaald waard troch hotelhâldster Jikke Ozinga.
Nei de dea fan Ozinga yn 1996, rekke Hotel Ozinga stadichoan yn ferfal. Yn juny 2007 waard Wenningstichting De Wieren eigener fan it pân, mei as doel it histoaryske gebou yn âlde gloarje te werstellen. Op 20 augustus 2008 waard de earste peal foar de nije fundearring fan Hotel Ozinga troch wethâlder Tom Metz slein. Hast twa jier stie it pân yn de steigers efter in mânsk fotodoek, wêrop in libbensgrutte ôfbylding fan it hotel fan eartiids.
Op tiisdei 30 juny 2009 waard it fotodoek weihelle, om it oan de bûtenside renovearre pân wer te toanen. De ynterne restauraasje lit op him wachtsje meidat der gjin oerienstimming berikt wurdt oer de definitive bestimming fan it gebou.
It gebou is in ryksmonumint.