De Hoytemastate stie yn Jonkershuzen en hie in oerflakte van 92 pûnsmiet en 33 bunders.
De state wie neamd nei Homme Hoytema (ek bekend as: Homme Hoytema fan Ockema), de (foar safier bekend) ienige aadlike bewenner dy't Buwaldabuorren wierskynlik ea hân hat.
Boppe de poarte fan de pleats liet Homme yn 1660 in wapenstien ynmitselje wêrop in nij wapen te sjen wie: Hoytema fan Ockema. De âlde wapens Hoytema en Ockema waarden kombinearre.

In print fan de Hoytemastate út 1722, tekene troch Stellingwerf.
De tekening is yn it Printekammenet fan it Frysk Museum yn Ljouwert.
Wapenstien út 1660 wêrop de kombinearre famyljewapens fan de famyljes Hoytema en Ockema te sjen binne. De tekening komt út it Printekammenet fan it Frysk Museum yn Ljouwert.

Homme boaske in Siu Oenema út Bualda. Har famylje wie al lange tiid eigener fan de state. Hjirnei bewennen noch inkele generaasjes Hoytema de foarname state. Sels op lânkaarten stiet de Hoytemastate.
Yn 1779 is de state ôfbrutsen en werboud. Yn 1906 is de state finaal ôfbrutsen en waard de terp wêrop dizze stie ôfgroeven. By it ôfgraven fan de terp waard in sittende skrinkelman fûn.

List fan eigeners fan de Hoytemastate

bewurkje seksje
Jier Brûker Eigener
1503 Abbe Gerckes toe Bualda Tryn Haersma
1525-1526 Gatze Abbes fan Oenema Fan Broersma
1578 Sibble Gatzes Oenema Siu Andlesdr. Rispens
voor 1640 Siu Oenema út Bualda Homme fan Hoytema
1640 Auck Hoytema út Bualdabuyren en Sybolt Taeckles Ockema (echtpear) Auck Hoytema út Bualdabuyren en Sybolt Taeckles Ockema
1670 Homme Hoytema fan Ockema Homme Hoytema fan Ockema
1698 Sybolt & Margaretha fan Hoytema De bern en erfgenamten fan Rombartus fan Hoytema silger
1708 Sybolt en juffer Maria fan Hoytema Sybolt en juffer Maria fan Hoytema
1718 Sybolt en juffer Maria fan Hoytema Evers Tjerckes
1728 Ysbrand Tjalles Feyte Martens
1738 Ysbrand Tjalles Jan Tjerx's widdo
1748 Ysbrand Tjalles Minse Wybes
1758 Ysbrand Tjalles Wybe Teekes
1768 ½ Epke de Roos Hepke Laaszes' widdo (de famylje naam yn 1812 de namme "Van der Zee" oan)
½ Jelle de Roos
1778 ½ Epke de Roos Hepke Laaszes' widdo
½ Jelle de Roos
1788 Epke de Roos Johannes Hepkes (van der Zee)
1798 Epke de Roos Johannes & Zijltje Hepkes (van der Zee)
1818 E. Bynnema Fokke, Jetje, Jacoba, Lodenia, Elbrig Hyltje Hepkes van der Zee
1828 Petronella Adriana Bienema Hyltsje Hepkes van der Zee
1838 Petronella Adriana Bienema Hepke Hyltjes van der Zee
1843 Djurre Hanzes Zijsling en Tjerkje Oeges Breeuwsma (echtpaar) Djurre Hanzes Zijsling en Tjerkje Oeges Breeuwsma
1876 Hans Djurre Zijsling en Wopkjen Rusticus (echtpear) Hans Djurre Zijsling en Wopkjen Rusticus
1883 Rienk Teakes van der Weij en Jiskjen Asma (echtpaar) Rienk Teakes van der Weij en Jiskjen Asma
1899 Rients Taekes van der Weij Rients Taekes van der Weij
1900 Fan 7 maaie 1900 oant 1906 lichtwol ûnbewenne

Keppeling om utens

bewurkje seksje