Hubertustsjerke (Lollum)

De Hubertustsjerke is de eardere herfoarme en tsjintwurdich de protestanske tsjerke fan de PKN-gemeente Lollum-Waaksens. De tsjerke is ûnderbrocht by de Stifting Doarpstsjerken Lollum-Waaksens.[1]

Hubertustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Lollum
adres Tsjerkestrjitte 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39363
offisjele webside
Protestanske gemeente Lollum-Waaksens

De ienskippige tsjerke is fan romaanske oarsprong en waard yn de 13e iuw mei in healrûn koer boud. Mei troch de grutte spitsbôgefinsters en it oanbringen fan in nij spitsbôgefries yn de 19e iuw krige de tsjerke in mear goatysk oansjen. Ut 1883 datearret de westlike gevel mei de heal ynboude toer. Yn de houten opbou hinget in klok mei in diameter fan 79 sintimeter út 1550. De klok is getten troch fan Geart fan Wou II.[2]

It lêste diel fan de 19e iuw foarme in djiptepunt yn de skiednis fan de tsjerklike gemeente fan Lollum. Krekt nei de restauraasje fan de herfoarme tsjerke en de bou fan in nij oargel rekke de gemeente yn 1887 yn ien klap likernôch 90% fan de lidmaten kwyt oan de nij stifte Nederdútsk-grifformearde gemeente fan Lollum. De lytse minderheid dy't lidmaat bleau fan de herfoarme tsjerke krige de tsjerke, de nije pastory (boud yn 1875) en al it besit fan de tsjerke tawiisd, wylst de grifformearden alles fan de grûn ôf opbouwe moasten en earst in beskieden tsjerke en letter de Greidhoeke-katedraal sette lieten.[3]

Tsjintwurdich foarmje de Lollumer herfoarmen mei de grifformearden wer ien protestantske gemeente.

Restauraasje 2017

bewurkje seksje

De tsjerke fan Lollum is yn 2017 restaurearre. De kosten fan de restauraasje waarden op likernôch € 400.000 begrutte. Foar it ynheljen fan it ûntbrekkende bedrach hat de Stifting Doarpstsjerken Lollum en Waaksens in publyksliening útskreaun. Mei de restauraasje is ek de ynrjochting fan de tsjerke oanpast oan de hjoeddeiske liturgyske easken en binne de banken yn it middendiel ferfongen troch stuollen. Sa is in yntimere sfear makke yn de tsjinsten en foar troch de wike it gebou geskikt wurden foar multifunksjoneel gebrûk. By it iepen brekken fan de flier binne santjin sarken ûntdutsen. De âldste sark wie dy fan pastoar Jouke Gatses út 1550. De oare sarken wiene allegear 17e-iuwsk. De sarken ferdwûnen mei it lizzen fan in nije houten flier wer út it sicht[4][5]

 
Oargel

De preekstoel stiet yn it koer en is yn 1718 boud troch Cornelis Cornelsz. Bûten it doophek steane elk oan in kant twa ienfâldige hearebanken. Oan wjerskanten fan it middenpaad steane de frouljusbanken en manljusbanken. Fan sân frouljusbanken hawwe de wangen moai snijwurk, dat let 18e iuwsk is.[6]

It oargel yn de tsjerke waard yn 1914 troch Bakker & Timmenga boud. Foar de bou fan it ynstrumint makke Bakker & Timmenga gebrûk fan besteand materjaal fan in yn 1875 troch Jan van Gelder boud oargel.[7]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: