Huntsville (Alabama)
Huntsville (City of Huntsville) is in stêd yn de Amerikaanske steat Alabama.
Huntsville | ||
Plak fan Huntsville yn Madison County, Alabama | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Alabama | |
County | Madison County en Limestone County | |
Boargemaster | Tommy Battle | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 180.105↓ (2010) | |
Oerflak | 451,8 km² | |
Befolkingsticht. | 331,14 / km² | |
Hichte | 193 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Offisjele webside | ||
Webstee Huntsville |
Yn Huntsville sit it Redstone Arsenal, in rakette-ûnwikkelingssintrum; de stêd is sadwaande ek bekend as Rocket City. OP 8 septimber 1960 waard troch presidint Dwight D. Eisenhower it Marshall Space Flight Center fan de NASA yn Huntsville iepene. Ein 50er jierren waard dêr ûnder lieding fan Wernher von Braun de Saturnusraketten en it Apollo-programma ûntwikkele.
Ekonomy en yndustry
bewurkje seksjeDe yndustrysektor yn Huntsville bestiet út goed 220 firmas dy't oan sa'n 32.000 minsken wurk jouwe. In protte dêrfan binne yn de beriuwen sels oplaat en heechkwalifisearre om it heechtechnologyske presisywurk dwaan te kinnen.
It romtefeartprogramma fan de Feriene Steaten is sûnt mids 50er jierren nau ferbûn mei de stêd. Meiïnoar sitte der mear as 300 ynternasjonale en nasjonale ûndernimmings, dy't dwaande binne mei ûntwikkeling en produksje fan elektronika en IT-technology. It Cummings Research Park yn Huntsville is it twadsgrutste yn syn soarte yn de FS mei 225 ûndernimmingen en goed 23.000 wurknimmers.
De grutste wurkjouwers
bewurkje seksjeUndernimming | Wurkfjild | Wurknimmers |
U.S. Army Redstone Arsenal | Militêr | 12.599 |
Huntsville Hospital System | Sûnenssoarch | 4.320 |
The Boeing Company | Fleantúchfabryk | 3.092 |
NASA / Marshall Space Flight Center |
Romtefeart / Undersyk |
2.676 |
ADTRAN | Telekommunikaasje | 1800 |
Demografy
bewurkje seksjeFan de befolking is 13,4% âlder as 65 jier en bestiet foar 32,3% uit ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 2,9% (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 2% fan de befolking fan Huntsville bestiet út hispanics en latino's, 30,2% is van Afrikaansk komôf en 2,2% fan Aziatyske oarsprong.
-
Huntsville
-
It stedhûs fan Huntsville
-
Keunstmuseum Huntsville
Klimaat
bewurkje seksjeYn jannewaris is de trochsneed temperatuer 3,8 °C, yn july is dat 26,1 °C. Jierliks is de delslach trochstrings 1452,4 mm (gegevens op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Berne yn Huntsville
bewurkje seksje- Michael E. Brown (1965), heechlearaar planetêre astronomy
- Jimmy Wales (1966), Amerikaansk oprjochter fan Wikipedia
- Debby Ryan (1993), Amerikaansk aktrise en sjongster
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |