Debby Ryan
Debby Ryan (folút: Deborah Ann Ryan; Huntsville (Alabama), 13 maaie 1993) is in Amerikaansk aktrise, sjongster, lietsjeskriuwster, muzikante en muzykprodusinte fan etnysk Iersk komôf. Hja is benammen bekend wurden mei har rol as Bailey Pickett yn 'e Disney-komeedzjesearjes foar bern The Suite Life on Deck en Jessie. In oar grut súkses foar har wie har rol yn 'e tillefyzjefilm 16 Wishes. Yn 2013 stalde Ryan de band The Never Ending gear, mei harsels as lead-sjongster.
Debby Ryan | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Deborah Ann Ryan | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 maaie 1993 | |
berteplak | Huntsville (Alabama) | |
etnisiteit | Iersk | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
debbyryan.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeRyan waard yn 1993 berne yn Huntsville, yn 'e súdlike Amerikaanske steat Alabama. Har heit tsjinne by de Amerikaanske Lânmacht en wie lange tiid legere yn Dútslân. Sadwaande groeide Ryan dêr op oant se tsien jier wie, en sprekt se behalven Ingelsk ek floeiend Dútsk. Yn Dútslân sette hja mei sân jier útein mei aktearjen yn it profesjonele teäter fan 'e Amerikaanske legerbasis dêr't har heit lei. Yn 2003 kearde Ryan mei âlden werom nei de Feriene Steaten, dêr't se fierder grutbrocht waard yn 'e steat Teksas. Nei eigen sizzen wie se op skoalle in nerd, en waard se narre, ûnder mear om't se lid wie fan 'e skaakklub.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeRyan sette har karriêre as aktrise útein yn ferskate reklamespotsjes op 'e tillefyzje. Yn 2006 figurearre se yn in ôflevering fan 'e bernerige Barney, en yn 2007 makke se har debút op it wite doek as figurante yn 'e bernefilm Barney: Let's Go to the Fire House. Har earste echte filmrol hie Ryan yn The Longshots, út 2008, mei Keke Palmer en Ice Cube.
Datselde jiers waard se cast yn ien fan 'e haadrollen (as Bailey Pickett) yn 'e Disney-komeedzjesearje foar bern The Suite Life on Deck, dat eins in spin-off wie fan in eardere searje, The Suite Life of Zack & Cody. Wylst de oarspronklike rige yn in hotel spile, wie The Suite Life on Deck sitewearre op in cruiseskip. De pilotôflevering waard yn 'e Feriene Steaten útstjoerd op 26 septimber 2008, en loek 5,7 miljoen sjoggers. Al rillegau waard The Suite Life on Deck de populêrste bernesearje fan dat stuit. De searje rûn fjouwer seizoenen, oant en mei 2011. Yn dat jier waard der mei de fêste akteurs ek in tillefyzjefilm makke op basis fan 'e searje, mei as titel The Suite Life Movie.
Yn oktober 2009 presintearre Ryan it earste Tween Girl Summit Music Festival, en yn 2010 spile se de rol fan Kim Walker yn 'e spylfilm What If..., fan 10 West Studios, mei as tsjinspilers Kevin Sorbo en Kristy Swanson. Datselde jiers wie se ek te sjen yn 'e haadrol fan Abby Jensen, yn 16 Wishes, in tillefyzjefilm foar jongfolwoeksenen dy't produsearre waard troch Disney. Yn maart 2011 krige Ryan op it Disney Channel har eigen komeedzjesearje taparte, mei as titel Jessie. Dêryn wurdt it wol en wee folge fan in tiner dy't fan Teksas nei New York ferhuzet om in stjer te wurden, mar ynstee as berne-oppas oan 'e slach giet by in gesin mei fjouwer bern. Dêrby regissearre Ryan eigenhandich ôflevering 3, Coffee Talk, en waard se sa de jongste froulike regisseur fan in Disney-produksje ea.
Ek yn 2011 hie Ryan har earste rol yn in produksje foar folwoeksenen, doe't se yn in ôflevering fan 'e abbekate-rige Private Practice in ôfkickend drugsferslaafde spile. Yn 2012 fertolke se de haadrol yn 'e Disney-tillefyzjefilm Radio Rebel, oer in bleu famke dat harsels in brutaal alter ego as radiopresintatrise oanmjit. Datselde jiers wurke se as stimaktrise ek mei oan 'e animaasjefilm Secret of the Wings, wêrfoar't se de stim fan it personaazje Tinker Bell ynspriek.
Muzykkarriêre
bewurkje seksjeRyan is tige muzikaal oanlein en spilet ferskate ynstruminten, wêrûnder gitaar, piano en synthesizer. Hja is ek aktyf as lietsjeskriuwster, en wurket as sadanich gauris gear mei har âldere broer. De muzyk dy't se makket, rint útinoar fan jazz, folksmuzyk en country oant popmuzyk. Hja toande har muzikale talinten û.m. yn 'e ôflevering Beauty and the Fleeced, fan The Suite Life on Deck, en teffens yn 'e films 16 Wishes en Radio Rebel. Ek de iepeningsmeldij fan har eigen komeedzjerige Jessie is troch har skreaun en opnommen. Fierders fierde se yn in ôflevering út it earste seizoen fan dy searje it countrynûmer Texas Guys op. Yn 2013 stalde hja de band The Never Ending gear, mei harsels as lead-sjongster.
Oare beuzichheden
bewurkje seksjeYn july 2012 begûn Ryan mei de tarieding foar in eigen moade-kolleksje, dy't se yn 2013 útbrocht. Sûnt hat se in eigen kleanmerk op poaten set.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn in fraachpetear út 2009 sei Ryan dat se opsjocht tsjin sokke aktrises as Meryl Streep en Anne Hathaway, en ek tsjin har Suite Life-kollega Brenda Song. Fan 2013 oant 2014 hie Ryan in relaasje mei Josh Dun, de drummer fan 'e band Twenty One Pilots. Yn maart 2015 fertelde se dat se besletten hie en stypje de Don't Look Away-kampanje tsjin húslik geweld om't se sels in relaasje hân hie dêr't se by mishannele waard; letter fertsjutske hja dat dat net de relaasje mei Dun wie.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Debby Ryan
- (in) Folsleine filmografy fan Debby Ryan yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Folsleine diskografy fan Debby Ryan op 'e Ingelske Wikipedy
- (in) In fanwebside oer Debby Ryan
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|