De NASA, in ôfkoarting foar National Aeronautics and Space Administration ("Nasjonaal Bestjoer foar de Loft- en Romtefeart"), is in ûnôfhinklike tûke fan 'e útfierende macht fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten, dy't ferantwurdlik is foar it Amerikaanske boargerlike (yn tsjinstelling ta it militêre) romtefeartprogramma en teffens foar wittenskiplik ûndersyk nei de loft- en romtefeart. De NASA waard yn 1958 oprjochte mei in dúdlik boargerlike (ynstee fan militêre) oriïntaasje foar it ûntwikkeljen fan freedsume tapassings foar romtefeartkunde. Sûnt hat de organisaasje de lieding hân oer de measte Amerikaanske romtefeartprojekten, wêrûnder it Apolloprogramma foar de moannelânings, it Skylab-romtestasjon en it Space Shuttle-programma. Op 't heden ûnderstipet de NASA it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) en is it djip behelle yn 'e tarieding foar takomstige misjes nei de planeet Mars.

NASA
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút National Aeronautics
   and Space Administration

("Nasjonaal Bestjoer foar de
   Loft- en Romtefeart")
ôfkoarting NASA
lân Feriene Steaten
oprjochte 1958
falt ûnder oerheid fan 'e Feriene Steaten
doel ● ûndersyk nei romtefeart
ferkenning fan 'e romte
sifers
wurknimmers 17.381 (2011)
jierliks budget $20,7 miljard (2018)
oar
webside nasa.gov

De NASA is in ûnôfhinklike tûke fan 'e Amerikaanske oerheid, dy't net ûnder ien fan 'e ministearjes falt. De ynstelling wurdt bestjoerd troch de administrateur (administrator), dy't bystien wurdt troch de pleatsferfangend administrateur (deputy administrator). De administrateur fan 'e NASA wurdt nominearre troch de Amerikaanske presidint en beneamd troch de Amerikaanske Senaat. Hoewol't de NASA yn namme ûnpartijich is, giet it by de post fan administrateur yn 'e regel om immen dy't assosjearre is mei de politike partij (Demokratysk of Republikeinsk) fan 'e sittende presidint. As der in presidint fan 'e oare partij keazen wurdt, betsjut dat ornaris dat ek de administrateur fan 'e NASA ferfongen wurdt.

Ynfrastruktuer

bewurkje seksje

De NASA hie yn 2011 teminsten 17.381 wurknimmers, mei in jierliks budget fan (yn 2018) $20,7 miljard. It haadkertier is fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., yn in kantoargebou op it adres 2 Independence Square. De NASA ûnderhâldt fierders tsien saneamde 'sintra' (centers) of bases:

Ferskate oare fasiliteiten binne ek yn it besit fan 'e NASA, wêrûnder:

 
It budget fan 'e NASA as persintaazje fan 'e folsleine Amerikaanske begrutting.

De direkte foargonger fan 'e NASA wie it National Advisory Committee for Aeronautics (NACA), dat yn 1915 oprjochte waard. Dy organisaasje hold him sûnt de Twadde Wrâldoarloch benammen dwaande mei eksperiminten mei raketfleantugen lykas de supersoanyske Bell X-1. Nei't de Sovjet-Uny yn 1957 de earste keunstmjittige satellyt, de Spûtnik 1, yn in baan om 'e Ierde brochten, waard dúdlik dat de Feriene Steaten net efterbliuwe koene. It súkses fan 'e Sovjet-Uny, dat yn 'e Kâlde Oarloch de aartsfijân fan 'e Feriene Steaten wie, waard nammentlik troch it Amerikaanske regear yn Washington, D.C. opfet as in bedriging foar de nasjonale feilichheid. Dy saneamde Spûtnikkrisis joech op 29 july 1958 oanlieding ta de oprjochting fan 'e NASA troch de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower. De NACA gie yn 'e nije organisaasje op.

Bemanne misjes

bewurkje seksje

Doe't de NASA op 1 oktober 1958 syn wurk oppakte, hie de organisaasje 8.000 wurknimmers en in jierliks budget fan $100 miljoen. Hoewol't de earste romtefeartprojekten mislearren, spile de NASA yn 'e 1960-er jierren fanôf it regear fan presidint John F. Kennedy in krúsjale rol yn 'e Romtewedrin (Space Race) mei de Sovjet-Uny. Yn 't earstoan moast makke wurde dat de Russen byhelle waarden, mei't dy noch altyd in hiel stik op 'e Amerikanen foarleine doe't op 12 april 1961 kosmonaut Joeri Gagarin as earste minske yn in baan om 'e Ierde hinne brocht waard. De NASA sette útein mei it saneamde Project Mercury (1958-1963), dat dy Sovjet-prestaasje belykje moast. Dat slagge op 20 febrewaris 1962, doe't NASA-astronaut John Glenn oan board fan 'e Friendship 7 de earste Amerikaan yn in baan om 'e Ierde waard.

 
De NASA-astronaut John Glenn by syn earste baan om 'e Ierde yn 1962.

De folgjende stap wie om mei Project Gemini (1961-1966) in romtekapsule mei twa ynsittenden yn in baan om 'e Ierde te bringen, wat op 23 maart 1965 slagge doe't Gus Grissom en John Young in baan om 'e Ierde berikten. Tsjin dy tiid hiene de Russen lykwols al in trijemanskapsule yn 'e romte brocht.

It Apolloprogramma (1961-1970) fan 'e NASA hie as doel om as earste in man op 'e moanne te setten. Der waard troch de Amerikaanske oerheid mear as $20 miljard (yn hjoeddeisk jild $213 miljard) yn it projekt pompt. By de twadde bemanne misje fan it Apolloprogramma, Apollo 8, yn desimber 1968, makken minsken foar it earst ea in heale sirkel om 'e moanne hinne, foar't se weromkearden nei de Ierde. Op 21 july 1969 berikte de NASA syn grutste súkses doe't astronaut Neil Armstrong fan 'e Apollo 11-misje de earste minske wie dy't foet sette op 'e moanne. Hy waard folge troch Buzz Aldrin, wylst Michael Collins yn it romteskip bleau en rûntsjes om 'e moanne hinne draaide. Ferskate oare moannemisjes folgen, wêrfan't Apollo 17 yn 1972 de lêste wie.

 
NASA-astronaut Buzz Aldrin mei de Amerikaanske flagge op 'e moanne yn 1969.

It Skylab (1965-1979) wie it earste en iennichste selsstannich boude romtestasjon fan 'e Feriene Steaten. It waard ûntwurpen yn 1965, boud op 'e Ierde en op 14 maaie 1973 lansearre. Dêrby rekke it skansearre, sadat it yn in lege baan om 'e Ierde hinne reparearre wurde moast. It stasjon waard yn 1973 en 1974 171 dagen lang bewenne troch trije opinoar folgjende bemannings. It wie de bedoeling om der in Space Shuttle oan fêst te keppeljen om it nei in hegere baan te bringen, mar de Space Shuttle wie noch net ree doe't Skylab op 11 july 1979 út syn baan rekke en opbrânde doe't it de atmosfear fan 'e Ierde ynkaam.

It Space Shuttle-programma wie it projekt dêr't de NASA him yn 'e 1970-er en 1980-er jierren benammen mei dwaande hold. De wichtichste ûnderdielen wiene in werbrûkber romtefleantúch (de Space Shuttle) dat yn in baan om 'e Ierde brocht wurde koe, mei in net-werbrûkbere eksterne brânstoftank dy't grutter wie as it fleantúch sels. De Space Shuttle waard fertikaal lansearre en kearde horizontaal werom om te lânjen. Der wiene ferskate Space Shuttles, wêrûnder de Atlantis, de Columbia en de Endeavour. By ferskate misjes fan it Space Shuttle-programma wurke de NASA nau gear mei de Jeropeeske romtefeartorganisaasje ESA en ek mei it Japansk JAXA. De doelen fan 'e misjes wiene benammen om wittenskiplik ûndersyk yn 'e romte te dwaan. Op 28 jannewaris 1986 ferlear de NASA sân astronauten doe't de Space Shuttle Challenger koart nei it opstiigjen ûntplofte. Op 1 febrewaris 2003 kamen der nochris sân astronauten om doe't de Space Shuttle Columbia by it weromkearen yn 'e atmosfear útinoar spatte. Neitiid waard dúdlik dat it hast dien wie mei it Space Shuttle-programma. De lêste misje (mei de Space Shuttle Atlantis) einige op 21 july 2011. Yn tritich jier hie de NASA doe 300 astronauten mei de Space Shuttles de romte yn stjoerd, ûnder wa de Nederlanner Wubbo Ockels.

 
In lansearring fan in Space Shuttle.

Fan 1993 ôf is de NASA yngeand behelle yn it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS), dat Amerikaanske, Russyske, Jeropeeske en Japanske ûnderdielen kombinearret. Yn 1998 begûn de bou fan it romtestasjon op it plak sels, yn in baan om 'e Ierde. It Amerikaanske diel wie klear yn 2011 en it Russyske diel yn 2016. It ISS wurdt anno 2020 22 jier lang ûnôfbrutsen bewenne, sûnt maaie 2009 altyd troch in seiskoppige bemanning. Der hawwe romtefarders út fyftjin ûnderskate lannen ferbleaun. Sûnt 2006 wurket de NASA ek gear mei kommersjele Amerikaanske bedriuwen. It werbefoarriedingskontrakt foar it ISS waard yn 2008 takend oan SpaceX (mei de Falcon 9-raket en it Dragon-romteskip) en de Orbital Sciences Corporation (mei de Antares-raket en it Cygnus-romteskip). De earste ûnbemanne werbefoarrieding troch de Cygnus barde yn septimber 2013. De earste bemanne flecht fan 'e saneamde Crew Dragon nei it ISS foel foar yn maaie 2020.

Unbemanne misjes

bewurkje seksje

Njonken bemanne misjes nei de moanne en yn in baan om 'e Ierde hat de NASA sûnt syn oprjochting ek in protte ûnbemanne misjes útstjoerd, sawol nei in baan om 'e Ierde as nei bestimmings omfierrens. De earste wie de Explorer 1 yn jannewaris 1958, dy't twa moannen op 'e Spûtnik 1 efterlei. Mei it Marinerprogramma waarden ferskate romtesondes útstjoerd nei de planeten Mars en Fenus en ien nei Merkuerius. De earste súksesfolle lâning op Mars waard yn 1976 útfierd troch de Viking 1. Yn 1996 waard it earste selsridende en foto's weromstjoerende karke op Mars lâne, de Mars Pathfinder.

 
It haadgebou fan it John F. Kennedy Space Center yn Floarida.

Fierder fuort waard de planeet Jupiter yn 1973 foar it earst oandien, troch de Pioneer 10. De Galileo wie de earste romtesonde dy't yn in baan om Jupiter brocht waard en yn 'e atmosfear fan 'e gasreus trochkrong. Pioneer 11 wie yn 1979 de earste sonde dy't Saturnus oandie en Voyager 2 brocht yn 1986, resp. 1989 it earste (en oant no ta iennichste) besyk oan Uranus en Neptunus. De New Horizons berikte yn 2015 as earste de dwerchplaneet Pluto. De earste romtesonde dy't it Sinnestelsel ferliet, wie de Pioneer 10 yn 1983. In skoft lang wie dat de romtesonde op 'e grutste ôfstân fan 'e Ierde, mar neitiid is er ynhelle troch de Voyager 1 en de Voyager 2. Ferskate NASA-sondes hawwe boadskippen by har foar eventuële bûtenierdske wêzens dy't se ea treffe kinne. It kontakt mei de Pioneer 10 waard yn 2003 ferlern.

Takomstige misjes

bewurkje seksje

De NASA is djip behelle yn takomstplannen foar bemanne misjes nei Mars en foar de bou fan in permaninte basis op 'e moanne. Dat lêste plan waard yn 2006 presintearre, mar yn 2009 stillein om't it mei de besteande technyk (noch) net helber is. Ynstee konsintrearret de NASA him sûnt 2010 benammen op bemanne misjes nei Mars en nei asteroïden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.