Hylper klaaiïng
De Hylper klaaiïng of Hylper dracht wie de pleatslike dracht fan Hylpen dy't om 1880 hinne ferdwûn.
Skiednis
bewurkje seksjeHylpen waard al yn de achtste iuw neamd yn de list fan goed fan de Abdij fan Fulda. Hylpen wie yn de midsiuwen in wichtich hannelsplak en wie ferbûn mei de Hânze dochs it wie dêr gjin lid fan. Hylper skippers kamen yn Ingelske rekkenboeken foar en fieren yn dy snuorje ek in soad nei it Eastseegebiet en Skandinaavje. Hylpen lei doe tige isolearre fan it efterlân en wie de see ferbûn.
Nijsgjirrich is dat Hylpen gjin seehaven hie. De skippers koene allinich mar tydlik foar anker gean. Mooglik kaam dat troch de streamferoarings fan de doetiidske Sudersee. Yn de santjinde en achttjinde iuw oerwinteren de Hylper skippen yn Amsterdam. Yn dy snuorje wiene hast alle Hylper manlju mei, en alle aktiviteiten yn Hylpen mei de seefeart ferbûn. Hja fieren mei fluitskippen, dy't yn de Saanstreek boud waarden nei Skandinaavje en it Eastseegebiet. Yn 'e maitiid reizgen se werom nei Amsterdam dêr't de froulju gauris by meigiene en harren boadskippen diene. Doe't de skippen útfearen, setten se de froulju ôf yn Hylpen en giene de skippers fierder. Yn 'e hjerstmis fearen de froulju alfêst nei Amsterdam en wachtsje harren manlju dêr op. Doe waarden sitsen en bûnten en Sineesk diggelguod, dy't troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy ynfierd waard, oankocht.
Nei de achttjinde iuw sette de delgong yn. Yn 1829 hie de stêd de helte fan de ynwenners neffens in iuw earder. In soad seelju lutsen nei Amsterdam en de Saanstreek. Dêrmei ferdwûn ek sa stadichoan de rykdom yn klaaiïng en de Hylper skilderkeunst.
Ynearsten makken Hylper froulju klean fan wol en linnen. Doe't de Feriene Yndyske Kompanjy yn de santjinde en achttjinde iuw katoen út Ynje meibrocht. Dy bestie út sisten mei hânskilder blompatroanen en Eastyndyske bûnten mei ynweve ruten. Dat guod koe in protte kearen wosken wurde sûnder te krimpen en te ferbleekjen.
It Hylper frouljusdracht ûntjoech him selsstannich fan oare Fryske drachten. De Hylper froulju kombinearren blommen en ruten, dy't in kleurryk hiel oplevere. De kleurekombinaasjes wiene lykwols oan regels bûn, om't se ek in symbolyske betsjuttenis krigen hiene. In sits mei in soad kleuren mei Eastyndysk bûnt yn reade ruten stie foar in libbemsfaze sûnder ferlies. Blau betsjutte rouwe. Alle froulju droegen in sinnedoek om 'e holle, allinnich boaske froulju mochten dêrûnder in heech wyt huodsje drage. De omslachdoek dy't fan side makke waard waard letter taheakke. De knoop op it hert betsjutte dat it frommes al in frijer hie. Der wie ek ferskil yn wurk -en frije tiidsdracht. Op sneins en feestdagen waard bytiden in lange jas fan sits droegen. Yn wurkdracht wiene allinnich de mouwen en it boarstlaapke fan sits.
De Hylper manlju hiene earder suver in algemiene dracht, dy't ek yn de rest fan Fryslân en yn Hollân droegen waard. Dy bestie út in dûnkere jas, broek, hoazen en hoed in kombinaasje mei in kleurryk wolhimd fan sits, lekken, side- of woldamast en in fyn wyt batisten halsdoekje. De Hylpers wiene lykwols behêlden yn harren klaaiïng en rûnen dêrom wol jierren efterop oangeande de moade.
De bern krigen fan harren berte ôf ek de Hylper dracht. By eltse libbensfaze hearde in oar kostúm.
Om 1880 hinne ferdwûn de Hylper dracht sa stadichoan. Alle Hylper drachten fan manlju, froulju en bern binne hjoed-de-dei yn it Museum Hindeloopen te sjen.
In soad fand e klaaiïng is bekend troch de mei akwarel kleure tekeningen fan Hendrik Lap (Hylpen, 1824-1874), dy't skuonmakkersfeint wie. Hy tekene doe't de dracht al hast ferdwûn wie.
De folkloristyske sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen draacht by harren optredens it Hylper dracht.
Galery
bewurkje seksje-
Frommes mei Hylper dracht yn Frysk Museum
-
Jong boaske frommes mei karakteristike hoed
-
Meinke Willems (1773-1855) skildere troch Philippus van Drooge (1821-1876) yn roukostúm
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Traditional clothing of Hindeloopen fan Wikimedia Commons. |