Hylper skilderkeunst
De Hylper skilderkeunst is de folksskilderkeunst dy't syn komôf yn it Fryske stedsje Hylpen hat. De skilderkeunst waard benammen tapast op meubilêr, muorren lykas dy fan bedsteden, kleanhingers, leppeltsjeshingers, blêden fan servysguod en oare ornaminten. De kleuren dy't brûkt waarden, wiene de skaaimerkjende kleuren read, blau, wyt en grien en bytiden brún, oksebloed, giel en krêmkleur.
Skiednis
bewurkje seksjeSalang't de minskheid bestiet wie der ferlet fan en fersier de libbensomjouwing. De earste grôtskilderings mei skildere bisten, minsken en symboalen binne grutte foarbylden dêrfan. Yn de achttjinde iuw naam it dekoraasjeskilderjen, benammen op it plattelân fluch ta. Oeral yn Jeropa lykas yn Noarwegen, de Alpenlannen, de Saanstreek en ek yn de Fryske Súdwesthoeke, benammen yn Hylpen, waarden gebrûksfoarwerpen moaimakke mei skilderwurk, bytiden yn kombinaasje mei houtfykwurk. It skilderwurk bestiet benammen út blommen en krullen, fûgels, bisten, allegoryske frouljusfigueren en Bibelske foarwerpen. In soad fan dy figuren komme fan de ynternasjonale kontakten.
Yn Hylpen begûn dy keunst sa stadichoan oan de ein fan de santjinde iuw. De stêd wie doe in wichtich hannelsplak, benammen troch de houtfeart op Skandinaavje en it Eastseegebiet. Hylpen beskikte oer in float fan in grutte tal fluitskippen. Nuver genôch hie Hylpen sels gjin seehaven, mooglik troch de feroarjende stream yn de doetiddske Sudersee, en dêrfoar waard Amsterdam brûkt as thúshaven. Amsterdam wie doe in ynternasjonale hannelsmetropoal en dêr waarden produkten út it Fiere Easten ynfierd. De stêd stie doe fol fan de doetiids hearskjende moade dy't fan de út Itaalje kommende Renêssânse wie. Dêre rekken de Hylper skippers yn 'e kunde mei de ferskillende produkten en moade.
Gauris stutsen de Hylper froulju mei de fearskip de Sudersee oer en helje of nim ôfskie fan harren manlju yn Amsterdam. Dêr seagen se it rykdom dy't de Feriene Eastyndyske Kompanjy meinommen hie, lykas Sineesk diggelguod en de fersiere katoen, sitsen en bûnten út Ynje. Hja kochten in soad fan dat guod oan en namen dy mei werom nei Hylpen, dêr't harren smaak ynfloed en ynspiraasje levere foar it fersieren fan it ynterieur.
De Hylperske skilderkeunst waard net, itjinge ynearsten tocht waard, beynfloede troch it noarden, mar troch de lette Renêssânse yn Amsterdam. Bewarre bleaune achttjinde iuwske skilderwurk komt út de jierren fan 1696 oant 1810 wei. It skilderwurk waard doe makke troch nei alle gedachten ambachtslju fan lytse ienmansbedriuwkes. Simmerdeis wiene se dwaande as hûsskilder en yn de rêstigere tiden holden se harren dwaande mei dekoraasjeskilderjen.
Rike en gegoede boargers lieten harren hûskeamers fersiere mei út ikehout ûntwurpen meubilêr. Yn de achttjinde iuw waard ikehout krapper en dus djurder. Grenenhout bliek in goedkeaper alternatyf. Om it meubilêr in moai oansjen te jaan waarden se beskildere. Ynearsten wie it tal kleuren beheind, almeast brûn mei wite aksinten. Yn de achttjinde iuw waarden der mear kleuren brûkt. Gauris waard in Bibelske foarstelling skildere. Dy foarstellings waarden kombinearre mei rike siersels yn de foarm fan akantranken, blommen en fûgels. Dy fûgel waard brûkt omreden it idee dat dy lok jaan soe.
De Fjirde Ingelske Kriich (1780-1784) en de Frânske tiid (1795-1814) brochten feroarings yn de ekonomy. Yn Hylpen rûn de seefeart en hannel hurd tebek en rûn it ynwennertal, om 1600 ynwenners hinne yn 1749, ta de helte krapoan 100 jier letter. Om 1850 hinne wie der fan de pronkkeamers en de Hylper klaaiïng net folle mear oer. It erfgoed like sels ferlern te gean.
Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw kaam der fannijs ynteresse yn de Hylper kultuer. As reaksje op de yndustrialisaasje naam de belangstelling foar it ambacht rap ta.
S.O. Roosjen en N.D. Kroese brochten, ûnder lieding fan de Ljouwerter âldheidkundige Wopke Eekhoff, yn 1855 mei harren Merkwaardigheden van Hindeloopen it kultuerguod fan it stedsje ûnder omtinken. De Histoaryske Utstalling fan Fryslân yn it steedhâlderlik hôf yn Ljouwert, organisearre troch it Friesch Genootschap yn it ramt fan syn fyftichjierrich bestean yn 1877 luts 38.000 beteljende besikers. It út oerbliuwsels besteande Hylper wurk waard byinoar sammele yn de saneamde Hylper keamer en wie it meast besprutsen part fan de útstalling. Dêrnei rekketde Hylper kultuer yn de belangstelling fan besikers oer de hiele wrâld.
Hylpen sels rekke ek yn de belangstelling. Der kamen mear eksposysjes en der waard fannnijs skildere. Arend Roosje wie de earste, dy't yn 1894 it bedriuw Roosje Hindeloopen oprjochte. Letter folgen der mear, lykas de famyle Sikkes en yn 1920 de Hylper Meubelfabryk Hielpen Vöruut N.V. Dêrnei kaam hanneler/skilder W. Glashouwer. Yn de tweintichste iuw kamen Gauke en Pieter Bootsma. Hjoed-de-dei binne der fjouwer Hylper skildersbedriuwen warber.
Kleuren en styl
bewurkje seksjeTekenjend foar de Hylper skilderkeunst is de reedlik flugge swierige styl. Mei guon pinsielstreken waard in figuer delset dy't dêrnei yn detail útwurke wurdt. Ek wurdt der mei krekte pinsielstreken ljocht- en skaadwurking ynbrocht.
De kleuren dy't it measte brûkt wurde binne de ferneamde read en blau en dêrnjonken brún, grien, oksebloed, giel en krêm in grûnkleur. It kleuregebrûk is lykwols ôfhinklik fan beskate omstannichheden. Sa wurdt krêm mei kleure skilderwurk brûkt as breidskleuren, in blauwe ûndergrûn foar rouwe, en krêm mei blau foar lichte rouwe.
Yn de rin fan de jierren waard oergien fan tradisjonele ferve ta it flugger drûgjende akryl.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hylper skilderkeunst fan Wikimedia Commons. |