Roosje Hindeloopen
Roosje Hindeloopen (folút: Oud Hindelooper Kunst v/h A. Roosje Anno 1894)[1] is in bedriuw yn 'e Fryske stêd Hylpen, dat yn 1894 oprjochte waard.[1] It bedriuw is spesjalisearre yn 'e makkelei fan tradisjonele Hylper keunst en de produksje fan hânmakke en beskildere meubilêr.[1] Tsjintwurdich makket Roosje Hindeloopen ek eigentiidske meubels, wêrby't moderne ûntwerpen op it mêd fan foarm en patroan kombinearre wurde mei âlde techniken.[1]
Roosje Hindeloopen | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | meubelmakkerij | |
fêstige yn | Hylpen (Fryslân) | |
oprjochte | 1894 | |
oprjochter | A. Roosje | |
eigner | Titus Stallmann (anno 2020) | |
offisjele webside | ||
roosjehindeloopen.com |
Anno 2020 wie Roosje Hindeloopen mei 125 jier it âldste bedriuw yn 'e Hylper houtfykkeunst en Hylper skilderkeunst.[1] It bedriuw wurdt sjoen as wichtich foar it behâld fan 'e Hylper keunst en kultuer.[1] Eigner Titus Stallmann wie de fjirde generaasje út 'e neiteam fan oprjochter A. Roosje.[1]
Mids desimber 2020 waard Roosje Hindeloopen it predikaat hofleveransier takend.[1][2] It soe op 18 desimber troch kommissaris fan 'e kening yn Fryslân Arno Brok persoanlik oan Stallmann útrikt wurde,[2] mar omreden fan 'e twadde Nederlânske lockdown yn it ramt fan 'e wrâldwide pandemy fan it koroanafirus moast dat útsteld wurde oant in lettere datum.[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |