I Hate Valentine's Day
I Hate Valentine's Day is in Amerikaanske romantyske komeedzjefilm út 2009 ûnder rezjy fan Nia Vardalos. De titel betsjut "Ik Haatsje Falentynsdei". De haadrollen waarden fertolke troch Vardalos sels en John Corbett, dy't earder tegearre spilen yn 'e kaskreaker My Big Fat Greek Wedding, út 2002. It ferhaal fan I Hate Valentine's Day giet oer Genevieve Gernier, in frou dy't nea faker as fiif kear mei ien en deselde man op ôfspraakje giet. Se wurdt twongen har libbensfilosofy op 'e nij te besjen as der in oantreklike restauranthâlder by har yn 'e strjitte komt te wenjen. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en die it net botte bêst yn 'e bioskopen.
I Hate Valentine's Day | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Nia Vardalos | |
produsint | Madeleine Sherak William Sherak Jason Shuman | |
senario | Nia Vardalos | |
kamerarezjy | Brian Pryzpek | |
muzyk | Keith Power | |
filmstudio | Blue Star Pictures I Hate Vday Productions ICB Entertainment Finance My Bench Productions | |
distribúsje | IFC Films | |
spilers | ||
haadrollen | Nia Vardalos John Corbett | |
byrollen | Zoe Kazan Stephen Guarino Amir Arison Mike Starr Rachel Dratch | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 3 july 2009 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 98 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $3 miljoen | |
opbringst | $3,5 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeGenevieve Gernier is in blommiste yn New York. Hja is altyd gelokkich en hâldt fan 'e leafde, mar foar harsels hat se de regel betocht om nea mear as fiif kear mei deselde man út te gean. Neffens har liedt dat nammentlik ta in maksimum oan wille en it minimum oan leafdesfertriet. Se draacht dy filosofy ek út oan har freonen.
Op Falentynsdei, dêr't Genevieve in grut leafhawwer fan is, nimt in nije eigner syn yntrek yn in sletten restaurant yn deselde strjitte dêr't ek Genevieve har blommesaak fêstige is. It is Greg Gatlin, dy't in tige súksesfol wurkpaad as abbekaat opjûn hat om syn dream te folgjen en in tapasbar te iepenjen. Genevieve fielt har fuortendaliks ta him oanlutsen, mar Greg hat al in relaasje.
As Greg, dy't totaal net romantysk oanlein is, Genevieve, yn har hoedanichheid as blommiste, om rie freget oer wat er dwaan kin foar Falentynsdei, advisearret se him om foar syn faam in boeket roazen keapjen en dat efter te litten op har bêd. Dat, Greg poatelet mei it boeket roazen nei it appartemint fan syn faam ta, freget de konsjerzje om him deryn te litten sadat er har ferrasse kin, en kriget dan sels de ferrassing fan syn libben as har bêd yn gebrûk blykt te wêzen troch har en in oare keardel.
Neitiid makket Genevieve, troch har oanhâldende oanwêzigens yn syn libben, Greg dúdlik dat se him wol sitten sjocht. Se fertelt him lykwols yn 't foar oer har fiif-ôfspraakjesregel. Dat is foar Greg gjin probleem. Krektoarsom: Greg, dy't altyd ûngelokkich yn 'e leafde west hat, liket it skoan ta om yn 't foar dúdlikheid te hawwen oer wêr't harren relaasje op ta giet, sadat it diskear foar him ris net yn triennen einigje sil.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sa begjinne Greg en Genevieve in relaasje mei ôfspraakje 1: de iepening fan syn tapasbar. Greg hat it mei syn nije saak sa drok as fleanen, dat hy stelt foar om it stadich oan te pakken, en Genevieve hat dêr gjin beswier tsjin. Om't se yn deselde strjitte wurkje, sjogge se inoar eltse dei yn it middeisskoft by deselde kafetaria en ek komme se geregeldwei even byinoar del foar in praatsje, mar dat telt allegear net as ôfspraakje. Uteinlik smare se de earste fjouwer ôfspraakjes út oer in perioade fan mear as in fearnsjier.
Foar ôfspraakje 2 nimt Greg Genevieve mei nei wat ta syn ôfgriis in karaokebar blykt te wêzen, dêr't oan 'kamikaze-karaoke' dien wurdt: alle gasten hawwe in nûmer ûnder harren stoel en as dat nûmer lutsen wurdt, moatte se it folgjende karakokeliet opfiere, oft se it ferske no kenne of net. Sa komt Genevieve oan 'e weet dat Greg oanhelle is mei ferskriklike plankekoarts, en as syn nûmer lutsen wurdt, pakt se it him ôf en beart dat it harres is. Foar ôfspraakje 3 besykje Genevieve en Greg in tentoanstelling fan tige abstrakte keunst yn in keunstgalery, dêr't se neat fan snappe mar in protte wille om hawwe. Dat ôfspraakje einiget mei in kuier troch it park en harren earste tút. Ofspraakje 4 einiget dan by Genevieve thús op bêd, dêr't Greg de oare deis oerbliuwt om noch in nacht mei har troch te bringen.
Neitiid ferwachtet Genevieve in útnûging foar it fyfde ôfspraakje te krijen, dêr't se bot nei útsjocht. Mar se wachtet en se wachtet, mar der komt gjin útnûging. Se heart sels suver neat mear fan Greg. Sadwaande begjint se har ôf te freegjen oft se him soms folslein ferkeard beoardiele hat en oft er inkeld út wie op seks mei har. As Genevieve úteinlik lulk nei him ta stapt om him op syn misse hâlden en dragen oan te sprekken, docht lykwols bliken dat Greg de twadde nacht by har thús beskôget as it fyfde ôfspraakje, en harren relaasje dêrmei as foarby.
Genevieve moat (mar wol net) tajaan dat der yn syn riddenaasje wol in beskate logika sit. Se is lykwols noch net ree om in ein oan 'e relaasje te breidzjen. As de moannen foarbygeane, en har leafdesfertriet net oergiet, wurdt se einlings twongen om ûnder eagen te sjen dat se mei har fiif-ôfspraakjesregel wolris mis wêze kin. Se hat harsels altyd oanpraat dat minsken dy't langere relaasjes hawwe, folslein ûngelokkich binne, mar no't se har freonen dernei freget (en ree is om te harkjen nei wat se antwurdzje), begrypt se dat se inkeld ferealens foar leafde oansjoen hat en de stillere, ûnderlizzende leafde fan in lange relaasje alhiel oer de holle sjoen hat. As se by harsels te rie giet, beseft se dat se rare skeind is troch it mislearre houlik fan har âldelju, dat einige yn in skieding nei de oerhoer fan har heit.
Underwilens pakt Greg der ek mei om dat syn relaasje mei Genevieve einige is foar't er dat woe. Op Falentynsdei, persiis in jier nei't hy en Genevieve inoar foar it earst met hawwe, organisearret er mei help fan har freonen in serenade ûnder it finster fan har appartemint. Foar har oerwint er syn plankekoarts troch yn it iepenbier te sjongen. Dêrnei freget er har om syn falentyn te wêzen. Genevieve stoarmet nei ûnderen ta en falt him yn 'e earms. Se beslute op in sechsde ôfspraakje te gean en Genevieve har fiif-ôfspraakjessysteem yn it jiskefet te kiperjen.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Genevieve Gernier | Nia Vardalos |
Greg Gatlin | John Corbett |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Tammy Greenwood | Zoe Kazan |
Bill | Stephen Guarino |
Bob | Amir Arison |
John | Mike Starr |
Kathy Jeemy | Rachel Dratch |
Cal | Gary Wilmes |
Tim de besoarger | Jay O. Sanders |
de karaoke-man | Ian Gomez |
Brian Blowdell | Jason Mantzoukas |
Dan O'Finn | Judah Friedlander |
Rose | Lynda Gravatt |
Edie | Suzanne Shepherd |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeI Hate Valentine's Day waard regissearre troch Nia Vardalos nei in senario dat se sels skreaun hie. As produsinten wiene Madeleine Sherak, William Sherak en Jason Shuman by de produksje fan dizze ûnôfhinklike film belutsen foar de filmstudio's Blue Star Pictures, I Hate Vday Productions, ICB Entertainment Finance en My Bench Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $3 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Brian Pryzpek, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Keith Power.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan I Hate Valentine's Day waard fersoarge troch IFC Films. De film gie op 3 july 2009 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre, mar hy draaide yn mar trije bioskopen.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige I Hate Valentine's Day oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 21 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle I Hate Valentine's Day in goedkarringspersintaazje fan 17%, basearre op 13 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeI Hate Valentine's Day brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $3.510.643 op. Ofset tsjin it budget fan $3 miljoen betsjut dat in winst fan goed $510.000, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It is sadwaande mar gehiel de fraach oft de film wol út 'e kosten kaam.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |