Iepenbiere MULO (De Jouwer)

De iepenbiere MULO fan De Jouwer is yn 1880 fuortkomd út de Frânske Skoalle. Direkteur wie Jacobus Japikse, fan Grins, dy't de Frânske skoalle fannijs iepene hie op 1 maaie 1869. De gemeenteried fan Haskerlân besleat om de bysûndere skoalle foar MULO oer te nimmen as in iepenbiere skoalle foar MULO. De skoalle kaam yn de skoalle oan de Midstrjitte. De gemeente hie op dat stuit trije iepenbiere skoallen: twa legere skoallen, de Boargerskoalle oan de Midstrjitte en de Earmeskoalle oan It Sân en de (M)ULO as skoalle foar 'mear útwreide leger ûnderiis'.

De Mulo yn 1923.

Yn 1883 waard it lokaal fan de MULO mei de gymnastykseal fan de skoalle. Japikse stie dêr oant 1889. Nei him waard J.H. de Ruyter beneamd as skoalhaad en soe dat bliuwe oant 1899 doe't de MULO opheft waard mei yngong fan 1900. Dochs waard oan de Midstrjite noch u.l.û jûn. Pas yn 1919 is de MULO-ôfdieling fan de leger ûnderwiis-ôfdieling skieden en waard B. van Bergen beneamd as haad fan de MULO-skoalle. De skoalle waard yn 1919 splitst yn in legere skoalle en in MULO-helte, sadat beide skoallen ûnder ien dak bleaune.
Doe't de skoalle te lyts waard, waard yn 1920 in helpskoalle foar de MULO ynset yn it eardere hotel Van der Feer. Yn 1921 waard lykwols besluten om in nije skoalle te bouwen. De gemeente kocht dêrfoar grûn oan de Hurddraversdyk.

De skoalle koe yn 1922 yn gebrûk nomd wurde. Yn 1944 wie Egbert Otte Boerstra oansteld as haad. Doe't hy yn 1945 detinearre waard as NSB-er waard him yn 1946 it foech om les te jaan ôfnomd. Sûnt de befrijing wie B. van Bergen noch in jier yn funksje, mar hy gie yn 1946 mei pinsjoen. Sûnt novimber fan dat jier waard K. Kuperus haad; hy wurke dêrfoar ek al as ûnderwizer oan de skoalle. Hy waard lykwols yn 1952 wegens ûnseedlike hannelings ûnearfol ûntslein. As syn opfolger waard H.P. Stelma beneamd; hy hie ULO-ûnderwizer west yn Nymwegen. Yn 1962 krige de MULO noch twa nije lokalen en in oerbliuwlokaal. [1]

Yn it skoaljier 1968/1969 trede de Mammoetwet yn wurking, wêrtroch't besteande ûnderwiissoarten as de MULO en HBS ferdwûnen. Dêrfoar yn it plak kamen mafû, hafû en fwû. De âlde MULO waard doe MAVO Jonkerslân. It soe letter ien fan de lokaasjes wurde fan skoallemienskip 'Sevenwolden' op It Hearrenfean.

Yn 2001 waard it gebou fan de eardere iepenbiere MULO oan de Hurddraversdyk oankocht troch de Stichting Hof en Hiem en waard it gebou ûndediel fan soarchsintrum Vegelin State.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Friese Koerier, 13 desimber 1962