Igor Cornelissen (Swolle, 3 maaie 1935 – dêre, 13 maart 2021)[1] wie in Nederlânske sjoernalist en auteur. Hy wie sjoernalist by Het Vrije Volk (1956-1958) en redakteur by Vrij Nederland (1962-1996). Fan 1990 oant 2000 skreau er de rubryk Voetnoot yn Het Parool.

Igor Cornelissen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Igor Cornelissen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 maaie 1935
berteplak Swol
stoarn 13 maart 2021
stjerplak Swol
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist,
Skriuwer

Cornelissen waakste op yn Swol as bern fan in joadske mem en net-joadske heit. Njonken syn sjoernalistike wurk is er warber west foar de studinteferiening Politeia en wie er lid fan de Nederlânske takke fan de Fjirde Ynternasjonale. Yn 1971 sei er de trotskistyske beweging farwol.

De artikelen fan Cornelissen geane benammen oer politike rânefigueren, sosjale striid, East-Europa, kommunisme, spionaazje en de Twadde Wrâldoarloch. Teffens hat er romans en skiedkundige boeken skreaun.

Yn 1983 publisearre Cornelissen it earste diel fan syn memoires: Van Zwolle tot Brest-Litowsk. Yn Raamgracht 4 út 1998 naam er de tried fan syn libbensferhaal wer op. Dat diel begjint mei syn oantreden as redakteur by Vrij Nederland yn 1962 en einiget nei de dea fan syn mem en syn weromgean nei Swol yn 1976. Dêrnei soene noch trije dielen mei oantinkens ferskine.

Cornelissen wie in leafhawwer fan jazz en spile as amateur trompet yn ferskate formaasjes. Hy trede op mei oare amateurs sa as KRO-presintator Lex Lammen (drums), tekener Frits Müller (tenoarsaksofoan) en Volkskrant-sjoernalist Henk Strabbing (trombone), mar ek mei profesjonele jazzmusikanten as Hans IJzerdraat, F.B. Hotz en Johnny Meijer.

Cornelissen stoar op 13 maart 2021 yn de âldens fan 85 jier oan in hertoanfal.[1]

  • 60 jaar Cornelissen. Een liber amIGORum. Swol, Waanders, 1995. Gjin ISBN
  • Hans van Straten: 'Igor Cornelissen, journaliste et écrivain'. In: Septentrion, vol. 20 (1991), afl. 3, pag. 78-80

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: