Iisfinkfûgels
De iisfinkfûgels of snie- en iisfinken (Calcariidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Se binne by útstek fûgels fan it hege Noarden. Se briede yn arktyske gebieten (Skandinaavje. Noard-Sibearje, Alaska, Kanada, Grienlân) en oerwinterje yn tuskenbeiden streken: Midden-Jeropa, Midden-Aazje, Midden-Noard-Amearika. De iisfinkfûgels binne besibbe oan de finkfûgels en de goarsfûgels. Oant likernôch 2010 waarden se yndield by de goarsfûgels, maar no wurde se as in aparte famylje sjoen.
Iisfinkfûgels | ||
iisfink (Calcarius lapponicus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Passeroidea) | |
famylje: | iisfinkfûgels (Calcariidae) | |
Ridgway, 1901 | ||
Famyljeopbou
bewurkje seksjeDe 2 sniefinken en 4 iisfinken binne oer trije skaaien ferdield:
- Famylje: Calcariidae (iisfinkfûgels)
- Skaai: Rhynchophanes:
- Soarte: prêrje-iisfink (Rhynchophanes mccownii)
- Skaai: Calcarius (iisfinken):
- Soarte: iisfink (Calcarius lapponicus)
- Soarte: toendra-iisfink (Calcarius pictus)
- Soarte: swartboarstiisfink (Calcarius ornatus)
- Skaai: Plectrophenax (sniefinken):
- Soarte: sniefink (Plectrophenax lapponicus)
- Soarte: Beringsniefink (Plectrophenax hyperboreus)
- Skaai: Rhynchophanes:
Keppelings om utens
bewurkje seksje- http://www.worldbirdnames IOC World Bird List - Version 11.1, jan. 2021]
- Avionary 4.1 - 50 Language Palaearctic Bird Names