De iisfink (Calcarius lapponicus) is in fûgel út de famylje iisfinkfûgels (Calcariidae) dy't yn toendragebieten briedt en nei it suden lûkt om yn myldere klimaten te oerwinterjen. Dizze fûgel komt foar fan Skandinaavje oant de Beringstrjitte, Kanada en Grienlân.

iisfink

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje iisfinkfûgels (Calcariidae)
skaai iisfinken (Calcarius)
soarte
Calcarius lapponicus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     dwaalgast


De iisfink wurdt sa'n 16 sm. lang en waacht 19-20 gram. Hy hâldt ta yn rotsige toendragebieten en hy oerwintert yn steppen en omploege ikkers, maar giet ek nei Denemark, Nederlân en East-Ingelân. Syn fiedsel bestiet fral út sieden.

It lechsel fan de iisfink bestiet út 5-6 readspikkele, griene aaien yn in kûmke op de grûn, dy't yn 11-13 dagen troch it wyfke útbret wurde. De helpleaze, dûnzige jongen kinne nei 11-15 dagen fleane.

Foerazjearjende iisfink
Aaien fan de iisfink