Indian River (Muskoka)
De Indian River of Yndiaanske Rivier is in rivier yn 'e gemeente Muskoka Lakes fan it distrikt Muskoka, dat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario leit. De rivier makket ûnderdiel út fan it stelsel fan oerflaktewetters fan 'e Grutte Marren, en ferbynt de Rosseau-mar (streamop) mei de Muskoka-mar (streamôf).
Indian River | ||
In steamskip op 'e Indian River (ansichtkaart út 1910). | ||
geografy | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
ûntspringt yn | Rosseau-mar | |
mûnet út yn | Muskoka-mar | |
lokaasje mûning | Hanna Point | |
sifers | ||
hichte boarne | 228 m | |
hichte mûning | 226 m | |
ferfal | 2 m |
De Indian River floeit ta de Rosseau-mar út by de Port Carling-keardaam fan Port Carling. Dêrnei streamt er troch it Forman-nau (Forman Narrows) en it lytse Mirror Lake, om úteinlik te Hanna Point út te mûnjen yn 'e Muskoka-mar. De rivier waard befarber makke troch de bou fan 'e Port Carling-keardaam en de oanlis fan in stelsel fan slûzen yn 1871. Dêrtroch koene steamskippen tusken de beide marren hinne en wer farre, wat wer de ûntjouwing fan rekreaasjefasiliteiten 'e omkriten fan 'e rivier befoardere, benammen oan 'e iggen fan 'e Rosseau-mar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |