De Ingveonismen binne in stikmannich taalkundige fernijings yn de Westgermaanske talen, dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium foardienen. Yn dizze fernijings lizze foar in grut part de ferskillen tusken de Noardwestgermaanske talen en de Súdwestgermaanske talen. It is lykwols al sa dat de Ingveonismen har foar in part ek oppenearre hawwe yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen. De Heechdútske talen hawwe dêrfoar gjin part oan de Ingveonismen hân.

De wichtichste Ingveonismen binne:

  • Ienheidsmeartal fan tiidwurden
  • Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden
  • Nasaalútfal
  • Assibilaasje

Dêrnjonken wurde lykwols ek noch oare feroarings beskôge as Ingveonismen. Hjirûnder wurde de ferskate Ingveonismen toand út de ferskillen tusken Noarwestgermaansk Ingelsk en Frysk, Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk Nederlânsk en Súdwestgermaansk - Heechdútsk Dútsk.

Ienheidsmeartal fan tiidwurden

bewurkje seksje

By de talen oars as de Heechdútske talen waarden de ferskillende ferbûgings wei fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden.

Bygelyks, de ferskate talen hawwe de neikommende persoansfoarmen foar it tiidwurd "hawwen":

persoan Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
1e meartal have hawwe hebben haben
2e meartal habt
3e meartal haben
meartalfoarmen ienheidsmeartal ienheidsmeartal ienheidsmeartal ôfsûnderlik

Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden

bewurkje seksje

By de Noardwestgermaanske talen waard it aparte, weromwurkjend foarnamwurd fan de tredde persoan wei en waard it ferfongen troch foarmen fan it oanwizend foarnamwurd.

Bygelyks, yn sinnen as "Hy wasket him.", hawwe de talen yn it iental de neikommende weromwurkjende foarnamwurden:

persoan Ingelsk Frysk Westfrysk West-Flaamsk Nederlânsk Dútsk
3e manlik himself him himself em zich sich
3e froulik herself har heurself eur
3e meartal themselves har hunself ulder
ûnbeskaat oneself jin ut et
foarnamwurd oanwizend oanwizend oanwizend oanwizend weromwurkjend weromwurkjend

Nasaalútfal

bewurkje seksje

By de Noardwestgermaanske talen foel in nasale klank wei foar beskate ploffers en wriuwlûden. Foar in lytser part barde dit ek yn de Nederfrankysk-Nedersaksyske talen.

Bygelyks, de neikommende wurden hienen yn it Westgermaansk in n. (De weiwurden parten binne yn dizze tabel mei iepenings oanjûn.)

Ingelsk Frysk Nederdútsk Nederlânsk Dútsk
five fiif fiev, fief vijf fünf
soft sêft sacht zacht sanft
us ús us ons (West-Flaamsk uus, Limburchsk oos, ós) uns
goose goes, guos Goos gans Gans
other oar anner ander (Frânsk-Flaamsk aajer) ander

Yn de Noardwestgermaanske talen hat assibilaasje west. Dit binne ferskate lûdferskowings, yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden.

Bygelyks, yn de neikommende foarbylden binne de skeane letters foarmen fan assiblaasje.


G-lûd wurdt J-lûd
Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
day dei dag Tag
way wei weg Weg
rain rein regen Regen
yarn jern garen Garn
yesterday juster gisteren gestern
to yield jilde gelden gelten
to forget ferjitte vergeten vergessen


K-lûd wurdt TSJ-lûd
Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
midge mich mug Mücke
hedge hegge (Sealtersk) heg Hecke
church tsjerke kerk Kirche
churl tsjirl kerel Kerl
chalice tsjelk kelk Kelch
cheese tsiis kaas Käse
chaff tsjêf kaf Kaff
churn tsjernje karnen kernen
kettle tsjettel ketel Kessel
broken brutsen gebroken gebrochen
stretch strekke strekken strekken
stitch stekke stekken stechen


U-lûd wurdt I of E-lûd
Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
bridge brêge, brigge brug Brücke
ridge rêch, rich rug Rücke
thin tin dun dünn

De namme "Ingveonisme" komt fan de Ingvaeonen, de Noardseekustbewoaners fan Galje oant Denemark, yn de earste iuw nei Kristus, sa't dy beskreaun waarden troch de Romeinen. Der wurdt ûngelyk tocht oer dizze namme om't in ferbân mei dit folk, sa't de namme it suggerearret, hielendal net oantoand wurde kin.