Isabel Ruiz Lucero

Isabel Ruiz Lucero, famkesnamme: Isabel Ruiz (Albuquerque (Nij-Meksiko), 30 maart 1989) is in Amerikaansk keunstskilderesse, yllustrator en striptekeneresse, dy't dêrnjonken aktyf is as ûndernimster.

Isabel Ruiz Lucero
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 maart 1989
berteplak Albuquerque (Nij-Meksiko)
etnisiteit Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as keunstskilderesse, yllustrator,
striptekeneresse (ek ûndernimster)
jierren aktyf ±2005 – no
offisjele webside
iblog.heavensentgaming.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Ruiz waard yn 1989 berne yn Albuquerque, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, as de dochter fan 'e Meksikaanske ymmigranten en ûnderwizers Ismael en Maria Ruiz. Oars as de measte Latino's is hja net roomsk grutbrocht, mar as lid fan 'e protestantske Sânde-Deisadvintisten. Ruiz folge de legere skoalle, middelskoalle en middelbere skoalle oan sânde-deisadvintistyske privee-ynstituten. Doe't se learlinge wie oan 'e Sandia View Academy, yn Corrales, mette se yn 2004 Mario Lucero, mei wa't se op 24 oktober 2014 (persiis tsien jier nei harren earste ôfspraakje) troude.

Nei de middelbere skoalle mei goed gefolch ôfrûne te hawwen, learde Ruiz troch yn kompjûterkunde, mar hja briek har stúdzje ôf om Lucero te helpen by de mantelsoarch foar syn deminte pake en beppe. Yn 2006 rjochte Ruiz mei Lucero it multymediabedriuw Heaven Sent Gaming op, dêr't hja noch altyd (2015) wurksum is, as direktrise, COO, en keunstneresse. Sy en Lucero binne ferantwurdlik foar de measte publikaasjes fan it bedriuw.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: