Isabella fan Bruce

Isabella fan Bruce (Ingelsk: Isabel Bruce, Normandysk-Frânsk: Isabelle de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), 1272Bergen (Noarwegen), 1358) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hja troude yn 1293 mei kening Earik II fan Noarwegen en wie letter hast sechstich jier lang keninginne-dûairiêre fan Noarwegen. Isabella wie in suster fan 'e Skotske kening Robert I. Hoewol't se nea weromkearde nei Skotlân, sette hja har fanút har machtsposysje oan it Noarske Keninklik Hof oanhâldend foar har heitelân yn.

Isabella fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
Noarsk
bertedatum 1272
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum 1358
stjerplak Bergen (Noarwegen)
dynasty Hûs Bruce
Hûs Sverre (troch har houlik)
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk
keninginne-gemalinne fan Noarwegen
amtsperioade 12931299

Jonkheid en komôf

bewurkje seksje

Isabella waard yn 1272 berne yn Carrick, yn súdwestlik Skotlân, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Hja wie it âldste bern út it gesin fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale en dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick. Dêrmei wie hja de âldere suster fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân op 'e troan kaam.

Houlik mei Earik II fan Noarwegen

bewurkje seksje

Yn 1293, doe't se 21 jier wie, reizge Isabella mei har heit nei Noarwegen ta, dêr't se úthylke waard oan 'e folle âldere kening Earik II fan Noarwegen. Har breidsskat waard by dy gelegenheid beskreaun troch de Noarske ealman Audun Hugleiksson, dy't optekene dat se djoere kledaazje, goudguod, 24 sulveren itensboarden, 4 sulveren sâlthâlders en 12 dûbelhânselige sopskalen by har hie.

Foar Earik, in widner, wie Isabella syn twadde frou, mei't er earder troud west hie mei de Skotske prinsesse Margareta, de dochter fan 'e Skotske kening Aleksander III. Ut dat houlik wie keninginne Margareta fan Skotlân berne, de saneamde 'Faam fan Noarwegen', dy't yn 1290 ûnderweis nei har keninkryk kaam te ferstjerren en sa de troan fan Skotlân leech efterliet. Dat hie in machtsfakuum en ûnderlinge strideraasje mank de Skotske adel, doe Ingelske ynminging en úteinlik de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen ta gefolch. Doe't it houlik tusken Earik en Isabella sletten waard, wie de hear fan Annandale, Isabella har heit, ien fan 'e wichtichste pretendinten foar de Skotske troan.

As keninginne-dûairiêre

bewurkje seksje

Isabella wie mar seis jier keninginne fan Noarwegen, mei't Earik II yn 1299 kaam te ferstjerren. Hy waard opfolge troch syn jongere broer, Haakon V, dy't regearre oant syn eigen dea yn 1319. Nettsjinsteande dat hja har man 59 jier oerlibbe, wertroude Isabella nea, noch kearde se ea werom nei Skotlân. Hja fierde fan 1299 oant har dea de titel keninginne-dûairiêre fan Noarwegen, en wie oan it Noarske Keninklik Hof yn Bergen in macht om rekken mei te hâlden. Ut it houlik tusken Isabella en Earik waard ien dochter berne, Ingeboarch Eariksdochter, dy't neitiid earst fersein waard oan Jan II, greve fan Orkney, mar úteinlik yn 1312 troude mei Waldemar Magnussoan fan Sweden, hartoch fan Upplân, Ölân en Finlân. Beide ferlovings fan har dochter waarden troch Isabella sels beävensearre.

Doedestiden hearden de Orkney- en Sjetlâneilannen noch ta Noarwegen, en leine Noarwegen en Skotlân dus folle tichter byinoar as tsjintwurdich. Under de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen die Isabella foar har heitelân en famylje wat se koe. Sa wurdt wol spekulearre dat har broer Robert, yn 'e tiid dat er noch as opstanneling troch de Ingelsen opjage waard, de winter fan 1306 op 1307 trochbrocht op 'e Orkney-eilannen, ûnder Isabella har beskerming (om't er dat winterskoft bûten it each fan 'e skiedskriuwing bleau). Doe't de Skotske frijheidsstrider William Wallace yn 1305 troch de Ingelsen oppakt (en letter terjochtsteld) waard, trof men mank syn persoanlike besittings û.m. in brief fan frije trochtocht oan, dy't tekene wie troch Haakon V fan Noarwegen. It hat wol kâns dat Isabella dêr ek de hân yn hie.

Yn lettere jierren naam Isabella yn Noarwegen diel oan withoefolle offisjele foarfallen en plechtichheden. Sa is oerlevere dat se yn 1305 oanwêzich wie by de wijinge fan Arne Sigurdsson ta biskop fan Bergen. Ek is dokumintearre dat se in poerbêste ferhâlding mei de Roomsk-Katolike Tsjerke hie en geregeldwei jeften oan tsjerklike doelen die. Guon histoarisy hawwe suggerearre dat Isabella fierders yn 1312 as midsman belutsen wie by de ûnderhannelings tusken Skotlân en Noarwegen oangeande de status fan Orkney en Sjetlân, dy't derta laten dat de status quo, fêstlein yn it Ferdrach fan Perth út 1266, fan krêft bleau. Yn 1339 skonk kening Magnus VII op har fersyk graasje oan in finzene. Isabella ûnderhold in briefkerij mei har suster Kristina fan Bruce, dy't yn 1335, ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, yn it Kastiel fan Kildrummy belegere waard troch David III fan Strathbogie, in Skotske ealman dy't it mei de Ingelsen hold. By dy gelegenheid stjoerde Isabella Noarske troepen om it kastiel te ûntsetten.

Yn 1357 wie Isabella noch ien fan 'e erfgenamten nei de dea fan har dochter Ingeboarch, de hartoginne fan Upplân, Ölân en Finlân. Sels stoar se yn 1358 te Bergen, yn 'e âlderdom fan 86 jier.

Foarâlden fan Isabella fan Bruce

bewurkje seksje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Willem fan Bruce, 3e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
8. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Kristina
 
 
 
 
 
 
 
4. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. David fan Skotlân, 8e greve fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
9. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Maud fan Kevelioc, paltsgrevinne fan Chester
 
 
 
 
 
 
 
2. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Richard fan Clare, 4e greve fan Hertford
 
 
 
 
 
 
 
10. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Amice FitzRobert
 
 
 
 
 
 
 
5. Isabella, grevinne fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Willem Marshal, 1e greve fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
11. Isabel Marshal, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Isabella fan Clare, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
1. Isabella fan Bruce
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Duncan, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
12. Cailean, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
6. Neil, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
13. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
3. Marjorie, grevinne fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Alan FitzWalter, 2e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
14. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Alesta, grevinne fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
7. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Gille Críst, greve fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
15. Bethóc, grevinne fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Marjorie, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Other sources, op dizze side.