Israelyske Arabieren

Israelyske Arabieren, ek wol Arabyske Israeliërs, Israelyske Palestinen of Palestynske boargers fan Israel neamd, binne de etnyske Arabieren of Palestinen dy't binnen de grinzen fan Israel, de Griene Line dy't yn it wapenskoft fan 1949 oerienkommen waard, wenje. Hja foarmje de grutste minderheid yn dat lân.

Kaart fan Israel yn 2015 mei it oandiel Arabysktaligen de gemeente
Ferneamde Israelyske Arabieren.

Yn it Arabysk wurdt mei de Arabyske befolking fan Israel oantsjut as Arabieren 48 (عرب 48, Arab Thamaniya Wa-Arba'in) en Palestinen 48 (فلسطينيو 48, Filastiniyyū Thamaniya Wa-Arba'in). Sûnt de Nakba wurde de Palestinen dy't sûnt 1948 binnen de grinzen fan Israel bleaune, ornaris "Arabieren 48" neamd. Yn Israel sels wurde Arabyske boargers ornaris as "Israelyske Arabieren" of gewoanwei "Arabieren" oantsjut en de ynternasjonale media brûkt gauris it begryp 'Israelyske Arabier' om de Arabyske boargers fan Israel fan de Palestynske Arabieren, dy't yn de Palestynske kriten wenje, te ûnderskieden.

It Arabysk is de memmetaal fan de measten fan de Israelyske Arabieren en prate in Levantynsk dialekt. Dat is ynklusyf it Libaneesk-Arabysk yn noardlik Israel, Palestynsk-Arabysk yn mid-Israel en guon Bedûynske dialekten yn de Negev. In soad Hebriuwske wurden binne oernommen yn dy dialekten en de hjoeddeistige dialekt fan de Arabyske boargers fan Israel wurdt wol definearre as in Israelysk-Arabysk dialekt. De measte Arabyske boargers fan Israel sprekke twa talen, dêr't harren twadde taal Hebriuwsk fan is. Religieus sjoen binne de measte Arabieren moslim, dêr't de measten dêrfan sûnniten fan binne. Dêrnjonken is der ek in grutte kristlike minderheid fan ferskate streamings, mank mei in minderheid Druzen.

Neffens it Israelysk Sintraal Buro foar de Statistyk waard de Arabyske befolking yn Israel yn 2019 rûsd op 1.890.000, itjinge delkomt op 21% fan de totale befolking fan it lân. De mearderheid identifisearret himsels as Arabieren of Palestinen mei it Israelyske steatsboargerskip. De measte Arabyske boargers fan Israel wenje yn stêden dy't foar it meastepart in Arabyske befolking hat, dy't ien fan de earmste plakken fan it lân binne, of yn de acht mingde stêden. Hja geane nei skoallen dy't oer it algemien skaat binne fan dy fan Israelyske Joaden. Arabyske politike partijen hawwe harren nea oansletten by regearingskoälysjes, oant de Feriene Arabyske List de earste waard dy't dat die. In soad Israelyske Arabieren hawwe famyljebannen mei Palestinen yn it Westjordaanlân en de Gazastripe, allyk mei de Palestynske flechtlingen yn Jordaanje, Syrje en Libanon. Likernôch 60% fan de Arabyske boargers yn Israel hawwe in positive miening oer Israel. De Bedûïnen en Druzen yn de Negev en Galileä identifisearje harren mear as Israeliërs as oare Arabyske boargers yn Israel.

Neffens de Israelyske boargerskipswet krige eltsenien dy't op 14 july 1952 binnen de Griene Line wennen it steatsboargerskip. Dy wet sleat de doar foar Palestynske flechtlingen dy't oant hjoed-de-dei ta net nei harren hûzen weromkomme koene. It tal Arabieren mei Israelysk steatsboargerskip yn 1952 wie likernôch 167.000. Yn Israel wurdt der ûnderskied makke tusken "boargerskip" en "nasjonaliteit". It boargerskip fan boargers yn Israelysk wurdt as "Israelysk" registrearre. Nasjonaliteit fan de boargers wurde as "Joadsk", "Arabysk" en "Druusk" registrearre. De Israelyske nasjonaliteit bestiet dus net. Alle Israelyske boargers hawwe rjocht op in Israelysk paspoart.

Arabieren dy't yn East-Jeruzalim wenje en de Druzen op de Golanhichte, beide troch Israel yn de Seisdagekriich fan 1967 oermastere en letter anneksearre, krigen it Israelyske steatsboargerskip oanbean, dochs de measten fersmieten it Israelyske steatsboargerskip en erkenden de Israelyske oanspraak op dy gebieten net. Yn plak dêrfan waarden se permaninte bewenners. Hja hawwe it rjocht en freegje it steatsboargerskip en paspoart oan en it rjocht op gemeentlike tsjinsten om dêryn te stimmen.

De Arabyske boargers fan Israel wenje benammen yn fiif gebieten: Galileä, de Trijehoeke, de Golanhichte, Jeruzalim en de noardlike Negev. De grutte mearderheid fan de Israelyske Arabieren identisearje harren mei it Arabyske kulturele en taalkundige erfgoed en de Palestynske identiteit en identifisearje harren as Arabyske boargers fan Israel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Arabysktalige wikipedyside, sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.