Johan Frieswijk
Jouke Arend (Johan) Frieswijk (Ljouwert, 31 july 1943 - Beetstersweach, 6 maart 2024) [1] wie in sosjaal-histoarikus. Fan 1986 oant 2008 wie er ferbûn oan de Fryske Akademy. Hy wie wittenskiplik meiwurker oan de universiteit fan Amsterdam. Frieswijk publisearre op it mêd fan de arbeidersskiednis en de Twadde Wrâldoarloch.
Yn 1989 promovearre Johan Frieswijk oan de universiteit fan Grins op de skiednis fan de lân- en feanarbeidersbeweging yn it noarden fan Nederlân. Earder wurke er mei oan de tf-rige fan de VARA Voorwaarts en niet vergeten oer de skiednis fan it sosjalisme en ek wie er einredakteur fan de Geschiedenis van Friesland 1750-1995 (1998). Yn 2003 waard er foar syn hiele wurk bekroand mei de Joast Hiddes Halbertsma-priis fan de provinsje Fryslân.
Hy publisearre ûnder oare yn Sonde (mei-oprjochter yn 1969), It Beaken, Te Elfder ure en Fryslân Oerein, skreau ek oer opbouwurk en studinte-politike saken.
Syn boek Imke Klaver, herinneringen van de Friese landarbeider is yn it Frysk en it Nederlânsk, ynlieden troch Ger Harmsen mei oantekenings fan J. Frieswijk.
Frieswijk stoar yn de âldens fan 80 jier yn Beetstersweach.
Wurken
bewurkje seksje- Twee eeuwen Friese adel, 1814-2000 : van landadel naar historisch instituut ( 2000 )
- Fryslân, staat en macht 1450-1650 : bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998 ( 1999 )
- Geschiedenis van Friesland, 1750-1995 ( 1998 )
- Dänemark und die Niederlande unter deutscher Besetzung by Eberhard Jäckel ( 1991 )
- Om een beter leven : strijd en organisatie van de land- veen- en zuivelarbeiders in het noorden van Nederland (1850-1914) ( 1989 )
- Ferdinand Domela Nieuwenhuis : de apostel van de Friese arbeiders ( 1988 )
- De zaak Hogerhuis: "eene gerechtelijke misdaad" ( 1984 )
- Socialisme in Friesland 1880-1900 by Johan Frieswijk ( 1977 )
- Bedrijven in eigen beheer : kolonies en produktieve associaties in Nederland tussen 1901 en 1958 by Frans Becker ( 1976 )
- Drie jaar opbouw in de Bijlmer : een modelanalyse van de Stichting Communicatie- en Adviesorgaan Bijlmer ( 1972)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|