Sonde (tydskrift)
Sonde wie in meast Frysktalich tydskrift dat oprjochte waard yn oktober 1969 troch Amsterdamske studinten. Yn 1978 kaam der in ein oan it tydskrift.
De redaksje bestie út Pier Boorsma, letter oanfold mei Johan Frieswijk en Pieter de Groot. Rein Munniksma (tredde jiergong) en Meindert Bijlsma (fjirde jiergong) makken letter diel út fan de redaksje. Guon spesjale nûmers wiene De neidagen fan in Keamerhear, (gedichten fan Pier Boorsma) en Poem Power (yllustrearre blomlêzing fan it dichtersfestival fan Operaesje Fers yn 1973). De novelle Boartsjendewei fan Meindert Bylsma ferskynde yn 1981 yn in apart nûmer fan Sonde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|