Rein Wiebe Munniksma (Koudum, 2 juny 1950) is in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA.

Munniksma folge de HBS yn Drachten. Dêrnei studearre hy politikology oan de Universiteit fan Amsterdam. Nei syn stúdzje wurke hy yn 1974 as trener by it foarmingssintrum fan de Woodbrookers Arbeidersmienskip yn Koartehimmen. Fjouwer jier letter begûn hy syn politike karriêre as wethâlder fan de gemeente Opsterlân.

Yn 1987 waard Munniksma beneamd as boargemaster fan de destiidske gemeente Anloo. Nei de fúzje fan de gemeenten Anloo, Gasselte, Gieten en Rolde yn 1998 waard hy boargemaster fan de nije gemeente Aa en Hunze. Nei de Provinsjale Steateferkiezings fan 2007 waard Munniksma op 18 april 2007 keazen as deputearre fan de provinsje Drinte.

Per 16 april 2015 waard Rein Munniksma yn Menterwolde waarnimmend boargemeester en dêrneist fan 1 augustus 2017 ôf ek fan Slochteren. Op 1 jannewaris 2018 waard er beneamd en be-edige ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Midden-Grinslân dy't op 1 jannewaris 2018 ûntstie út de gemeenten Hoogezand-Sappemeer, Slochteren en Menterwolde.[1] Per 9 july 2018 waard er opfolge troch Adriaan Hoogendoorn.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: