Jack de Heer
Jack Garth Dick de Heer (Ledbridge, Kanada, 17 maaie 1953) is topscorer fan alle tiden fan de Nederlânske iishockeyploech mei 114 doelpunten en 96 assists yn 119 interlands.
Jack de Heer | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jack Garth Dick de Heer | |
bynamme | De Snor | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Kanadeesk | |
bertedatum | 17 maaie 1953 | |
berteplak | Ledbridge | |
lingte | 1.80 m | |
gewicht | 78 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Iishockey | |
O.S. | Lake Placid 1980 | |
debút | 1971 | |
karriêre-ein | 1984 |
De oanfaller Jack de Heer spile yn de jierren santich en begjin jierren tachtich by earst Tilburg, It Hearrenfean, Arosa (Switserlân) en opnij It Hearrenfean. Hy stie te boek as in goalgetter en makke diel út fan de ferneamde Nederlânske ploech dy’t yn 1980 as njoggende einige by de Olympyske Winterspullen yn Lake Placid. Mei yngong fan it seizoen 1999-2000 waard in nei him neamde trofee ynsteld foar de topscorer yn de iishockey-earedifyzje.
Nei syn aktive karriêre gie de emigrantesoan werom nei Kanada, dêr’t er yn syn berteplak Lethbridge de drukkerij fan syn heit oernaam. Ein jannewaris 2005 wie De Heer op It Hearrenfean oanwêzich foar in galawedstriid ta gelegenheid fan in ferbouwing fan de Thialfhal.
Op snein 21 febrewaris 2010 spruts Mart Smeets lang mei De Heer en Larry van Wieren oer de Nederlânske dielname fan it iishockey oan de Olympyske Winterspullen fan Lake Placid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|