Jacob Bleeker
Jacob Bleeker (Dokkum, 24 augustus 1885 - Bilthoven, 14 novimber 1961) wie in Nederlânske boargemaster.
Libben en wurk
bewurkje seksjeBleeker waard berne yn Dokkum as soan fan Gabe Bleeker en Feikje Jacobs Wijntjes. Hy begûn syn karriêre op de siktarij fan Tytsjerksteradiel. Dêrnei waard er 1e amtner op de siktarij yn Stienwyk en wie dêrneist learaar steatswittenskip oan de H.B.S.. Yn 1910 waard hy gemeentesekretaris fan Raarderhim. Hy wie troud mei Geertruida Luciena Maria Dorothea Monsieur (1885-1926) en Johanna Anitia van Lookeren Campagne (1893-1979)
Boargemaster
bewurkje seksjeBleeker waard yn 1912 beneamd ta boargemaster fan Raarderhim en dêrnei fan Utingeradiel (1919) en Opsterlân (1929). Hy wie boargemaster fan Dordrecht fan 1937 oant 6 maaie 1943. Hy waard ôfsetten yn de Twadde Wrâldoarloch neidat hy wegere hie oan de besetter listen te jaan fan persoanen dy’t foar tewurkstelling yn Dútslân yn oanmerking komme soenen. Bleeker waard ferfongen troch de NSB-boargemaster Johan Gijsbert van Houten. Ynearsten hâlde Bleeker him skûl yn Zaltbommel mar kaam op 25 septimber 1943 werom nei Dordrecht op fersyk fan de Undergrûnske. As ûnderdûker hâlde er earst ta by it Leger des Heils en letter yn it Sint Jacobsgesticht yn de Houttunen. Op 7 maaie 1945 begûn Bleeker wer mei syn wurk as boargemaster fan Dordrecht, yn de dagen foarôfgeande oan de kapiltulaasje hie hy mei de Duitse befelhawwer ûnderhannele oer de oerjefte fan de stêd. By Keninklik Beslút fan 7 juny 1946 waard hy wer formeel ta boargemaster fan Dordrecht beneamd.
Yn 1947 waard Jacob Bleeker beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en per 1 septimber 1950 waard him by Keninklik Beslút earfol ûntslach ferliend "mei tankbetsjûging foar de langduorjende en gewichtige tsjinsten troch him as boargemaster bewezen".
Hy mocht 11 jier fan syn pensjoen genietsje en ferstoar yn 1961. Yn 2002, 41 jier nei syn dea, beneamde de gemeenterie fan Dordrecht Bleeker dochs noch as eareboarger fan dy stêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |