Jacob Menno Houwen
Jacob Menno Houwen (Drachten, 15 septimber 1869 - Zeist, 25 oktober 1936) wie ûnderwizer, hanneler en politikus.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHouwen waard berne as soan fan Sijpko Houwen, haad fan de Boppebuertskoalle yn Drachten. Hy helle sels ek de ûnderwiisakte.
Jacob Houwen troude mei Trijntje Zoovele, dochter fan Jan Zoovele, sigaremakker, keapman, winkelman en riedslid, en ferliet doe de klasse en waard sakeman. Hy begûn in hannel yn wyn en distilleard en wie dêrneist warber yn de polityk. Sa wie er riedslid fan Smellingerlân fan 1905 oant 1909 en fan 1909 oant 1920 wethâlder. Tusken 1913 en 1927 wie er lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
It ûnderwiis bleau him lykwols oanlûken, want hy wie belutsen by de oprjochting fan de ambachtsskoalle yn 1909, de Ryks HBS yn 1919 en de Rykslânbouwinterskoalle yn 1920. Dan wie er ek noch warber foar de Maatschappij tot Nut van het Algemeen en de Feriening fan Pleatslik Belang.
Yn 1917 ferkocht Houwen syn bedriuw oan Jacob Meekma en gie er werom nei it ûnderwiis, earst as skoalopsjenner yn Beetstersweach en letter yn deselde funksje op It Hearrenfean. Hy hat dat wurk dien oant er siik waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|