Jacob fan Strij
Jacob fan Strij (Dordrecht, 2 oktober 1756 - dêre, 4 febrewaris 1815) wie in Nederlânske keunstskilder.
Jacob fan Strij | ||
keunstner | ||
Portret fan Fan Strij makke troch Pieter Christoffel Wonder (1812) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 oktober 1756 | |
berteplak | Doardt | |
stoarn | 4 febrewaris 1815 (58 jier) | |
stjerplak | Doardt | |
wurkpaad | ||
jierren aktyf | 1776-1815 | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Libben en wurk
bewurkje seksjeJacob fan Strij, soan fan de Doardtske skilder en tekener Leendert fan Strij en Catharina Snak, krige syn earste oplieding ta skilder en syn broer Abraham fan syn heit. Dêrnei folge er de oplieding oan de Antwerpske skildersakademy en krige er les fan de Antwerpse skilder Andreas Lens. Werom yn Doardt ûntwikkele er him ta in lânskipsskilder.[1] Sawol ôfsûnderlik as tegearre mei syn broer Abraham skildere er ferskate behingsels foar opdrachtjouwers yn Doardt.
Op 24 desimber 1786 boaske Jacob fan Strij yn Doardt oan de yn Nijmegen berne Magdalena Cornelia fan Rijndorp.
Yn syn lettere libben waard Fan Strij bot pleage troch jicht [2], wêrtroch't it skilderjen dreger waard. Op it troch Pieter Christoffel Wonder makke portret fan Van Strij is syn lijen yn byld brocht. Ek yn it nei oanlieding fan dit portret makke gedicht troch Van Braam wurdt syn sykte neamd. Hy bleau lykwols oant syn ferstjerren syn wurk as skilder dwaan.
Fan Strij ferstoar op 4 febrewaris 1815, 58 jier âld.
Soannen
bewurkje seksjeJacobs soan Hendrik waard ek skilder. Hy en syn broer namen learlingen oan nei't se it atelier fan harren heit oernaam hiene. Harren learlingen wiene Pieter Rudolph Kleijn, Johannes van Lexmond, Jacob de Meijer, Johannes Rutten, Johannes Schoenmakers, Johannes Christiaan Schotel en Gillis Smak Gregoor.
Jacobs broer Abraham fan Strij [1] wie in foaroansteand stichtend lid fan it Teekengenootschap Pictura Dordrecht doe't dat yn 1774 oprjochte waard. Ek Jacob sleat him nei syn weromkommen fan syn stúdzjeperioade yn Antwerpen oan by Pictura. Hy waard troch syn tiidgenoaten omskreaun as in belêzen man dy't yn heech oansjen stie. Hy joech lêzingen by it Teekengenootschap Pictura Dordrecht oer de skilderijen fan de âlde masters en de mytology. [3].
Wurk
bewurkje seksjeJacob van Strij skildere italiaanske lânskippen, berchlânskippen, stedsgesichten, winterlânskippen, portretten, arsjitektuerskilderijen en marines. Hy liet him ynspirearje troch de 17e-iuwske lânskipsskilders út de Hollânske Gouden Iuw, benammen Albert Cuyp.[1]
Fan Strij stuts in soad muoite en tawijing yn it kreëarjen fan syn wintertafrielen. Om ta in sekuere imitaasje fan de natuer te kommen oerwûn er syn minne sûnens (hy hie jicht) en gie er yn de bitende kjeld op in lutsen slide op paad om sketsen te meitsjen foar syn komposysjes. Dy sketsen waarden yn syn atelier brûkt foar ferskate skilderijen. Fan him is witten dat er fariaasjes fan syn eigen komposysjes skildere.[4]
Gedichten op Jacob fan Strij
bewurkje seksjeNei oanlieding fan syn portret | Nei oanlieding fan syn ferstjerren |
---|---|
|
|
Galery
bewurkje seksje-
Lânskip mei deade beam
-
Twa boeiers
-
Lânskip mei fee
-
Twa boeren mei in hynder
Bibliografy
bewurkje seksje- Erkelens, J. De gebroeders Abraham en Jacob van Strij; een biografie van twee Dordtse schilders, yn: Oud Holland 90 (1976), s. 186-200
- Dumas, Ch. (red.) In helder licht: Abraham en Jacob van Strij: Hollandse meesters van landschap en interieur omstreeks 1800, Swolle 2000 (cat. tent. Dordrecht, Dordrechts Museum, 6-1-2000/16-4-2000)
- Balm, Angenetha en Boezeman, Jan Willem: Het geboortehuis van Jacob en Abraham van Strij, artikel yn Vereniging Oud-Dordrecht nr. 2, Doardt, 2004.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|