Jacobus Koelman
Jacobus Koelman (Utert, 1632 - Utert, 6 febrewaris 1695) wie in gerifformearde teolooch en predikant.
Libben
bewurkje seksjeFan 1598 oant 1676 studearre er yn Utert, ûnder oaren by Andreas Essenius, Hoornbeeck en Gisbertus Voetius. Hy wie ambassadepredikant yn Kopenhagen (1657) en yn Brussel (1658). Yn 1662 waard Koelman predikant yn Slús. Yn 1675 waard er lykwols ôfset as predikant, ûnder oaren om't der in ferskil fan ynsicht wie oer de fraach oft de oerheid it rjocht hie om him te muoien mei tsjerkesaken.
Hjirnei gie Koelman foar yn ferskillende hûsgemeentes en konventikels. Hy hat fierder ferskate boeken oerset fan foaral Ingelske puriteinske skriuwers, lykas Hugo Binning, J. Brown, Th. Goodwin, William Guthry, Christophurus Love en Samuel Rutherford, en sels hat er ek ferskate boeken útjûn. Jacobus Koelman is op 6 febrewaris 1695 yn Utert ferstoarn.
Wurk
bewurkje seksjeUt alles docht bliken dat Koelman in man wie mei dúdlike stânpunten. Hy wie net foar it brûken fan liturgyske foarmulieren troch predikanten, om’t sa predikanten mei ûnleauwen har efter dizze foarmulieren ferskûlje koenen; hja koenen har oars foardwaan as dat hja wienen. Ek wie er it der net mei iens dat der feestdagen wienen lykas by it Krystfeest, Peaske, Himelfeartsdei en Nijjiersdei, om’t dit neffens him minsklike ynstellings wienen dy him oan it Katolisisme tinken dienen. Mei de stânpunten fan Jean de Labadie oer it ôfskiftsjen fan de tsjerke en oer it útstellen fan de doop koe er ek net út de fuotten. Fierder hy er gedachten dy't lykje op de tinkbylden fan it Gyliasme; hy ferwachte bygelyks yn syn libben noch in weromgean fan de Joaden nei har lân. Hy wie ek in foarstanner fan de sinding en yn de praktyk sette er him yn foar de meiminsken.
Jacobus Koelman wurdt algemien beskôge as ien fan de eksponinten fan de Fierdere Reformaasje.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Reformatie nodigh omtrent het gebruik der formulieren, 1673.
- Reformatie nodigh omtrent de feestdagen, naaktelijk vertoont ende bewezen, 1675.
- De vruchtelooze biddagen van Nederland, 1682.
- De praktijk der Sabaths, 1682.
- Het vergift van de Cartesiaensche pgilosofie ontdekt, 1692.
- Wederlegging van B. Bekkers Betooverde Wereld, 1692.
Literatuer
bewurkje seksje- Jacobus Koelman, dr A.F. Krull, diss. [1901], 1972, ISBN 9789070057121
- Jacobus Koelman, C.J. Meeuse, Utj. De Groot Goudriaan, 2008, ISBN 9789088650673.