Jacques Simon Monasch (Rotterdam, 4 jannewaris 1962) is in Nederlandsk ferkiezings- en kommunikaasjestrateech en keunstsamler wenjend te Snits. Hy wie meast belutsen by ferkiezingskampanjes fan de Partij fan de Arbeid.

Jacques Monasch
Jacques Monasch (lofts) mei Job Cohen, 26 febrewaris 2011

Monasch brocht in part fan syn jonkheid troch yn Etioopje, Tanzania en Drachten (syn heit S. Monasch wie sjirurch yn dy lannen en bedarre dêrnei yn sikehûs Nij Smellinghe).
Hy studearre bestjoerskunde yn Grins en Politike ekonomy oan de Universiteit fan Esseks yn Grut-Brittanje.
Nei syn tsjinsttiid by de Keninklike Marine gie Jacques Monasch yn 1989 oan’t wurk by it direktoraat-generaal fan de Ryksbegrutting fan it Ministearje fan Finansjen. Yn 1990 waard er fraksjefoarsitter fan de PvdA yn it Amsterdamske stêdsdiel 'de Pijp'. Neikommend waard er by de Wiardi Beckman Stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA, as sekretaris fan it Sintrum foar Lokaal Bestjoer oansteld. Yn de jierren 1990 wie Monasch ek ferskate kearen adviseur foar it ANC yn Súd-Afrika. It bûtenlânynstitút fan de Amerikaanske Demokratyske Partij stjoerde him út as lannedirekteur yn Oekraïne en letter yn Ruslân.

Sûnt 1993 beklaaide Monasch útienrinnende funksjes op it lanlik buro fan de Partij fan de Arbeid en ek by de Twadde Keamerfraksje yn Den Haach. Hy wie belutsen by ferskate ferkiezingskampanjes fan de partij, sa as "Kies Kok" yn de oanrin nei de Twadde Keamerferkiezings fan 1994 en by de kampanje fan 2002 wie er kampanjelieder. Oer de lêste kampanje dy’t min betearde foar de PvdA skreau er letter it boek "De strijd om de macht, politieke campagnes, idealen en intriges".

Uit argewaasje mei it Kabinet-Balkenende IV en de rol fan de PvdA dêryn skreau Monasch yn juny 2007 it manifest "7 nieuwe veren- een einde aan de onduidelijkheid". Yn augustus 2007 wie er mei-oprjochter fan de beweging 'Rooie Veren', dy’t in dúdlik sosjaaldemokratyske koers fan de PvdA foarstie. Yn 2008 waard er gadingmakker foar it listlûkerskip fan de PvdA by de Europeeske Parlemintsferkiezingen 2009. Monasch moast lykwols belies jaan oan sittend Europarlemintslid Thijs Berman.

Sûnt 2010 hat er út namme fan de PvdA in sit yn de Keamer. Tegearre mei Lutz Jacobi presintearret er him as Frysk Twadde Keamerlid foar de Partij fan de Arbeid.

Op 12 febrewaris 2016 makke Monasch buorkundich dat PvdA-partijlieder Diederik Samsom better gjin listlûker wurde kin by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2017. Hy woe leaver Ahmed Aboutaleb of Eberhard van der Laan op dat plak hawwe.[1] Op 31 maart 2016 makke er bekend dat er net gadingmakker foar in nije termyn as Keamerlid wêze wol, mei't de koers fan de PvdA him langer net noasket.[2]

Neist politike saken hâldt Monasch him ek dwaande mei in gallery yn Russyske keunst en organisearret er geregeldwei útstallingen yn Moskou en Amsterdam.
Yn 2010 hat Monasch Amsterdam as wenplak ferruile mei Snits.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • De strijd om de macht, politieke campagnes, idealen en intriges (2002)
  • Taart van mijn tante
  • 7 nieuwe veren- een einde aan de onduidelijkheid (2007, manifest)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Saskia van Westhreenen, Interview Monasch: 'Alleen Aboutaleb kan PvdA nog redden', Leeuwarder Courant, 12 febrewaris 2016
  2. Monasch (PvdA) komt na verkiezingen niet terug, NOS.nl, 31 maart 2016