Jalke Klijnsma
Jalke Klijnsma (Eastersee, 2 augustus 1912 – Beilen, 22 desimber 1984) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.
Jalke Klijnsma | ||
politikus | ||
echte namme | Jalke Klijnsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 2 augustus 1912 | |
berteplak | Eastersee | |
stjerdatum | 22 desimber 1984 | |
stjerplak | Beilen | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | CHU | |
boargemaster fan Sleat | ||
amtsperioade | 1958-1972 | |
foargonger | Ruurd Alta | |
opfolger | Herman van Zwieten |
Hy waard yn de gemeente Lemsterlân berne as soan fan smid Wiebe Klijnsma (1884-1952) en Ytje van den Bos (1885-1962). Hy begûn syn amtlike karriêre yn 1930 as folontêr by de gemeentesekretary fan Sleat en waard dêr letter oansteld as amtner op de sekretary. Yn 1936 gyng er as adjunkt-kommys oan 'e gong by de gemeente Lemsterlân. Dêr promovearre er ta kommys. Yn 1946 makke er de oerstap nei de gemeente Krommenie dêr't er it brocht ta haadkommys.
Yn 1953 kaam er werom yn Fryslân út reden fan syn beneaming ta gemeentesekretaris fan Hemelumer Oldephaert en Noordwolde. Fan maart 1958 ôf wie Klijnsma de boargemaster fan Sleat.
Yn 1971 gyng er mei sykteferlof en yn 1972 krige er ûntslach.
Klijnsma ferstoar ein 1984 op de âlderdom fan 72 jier.