Jamie Uys
Jamie Uys (folút: Jacobus Johannes Uys; Boksburg, 30 maaie 1921 – Jehannesburch, 29 jannewaris 1996) wie in Súdafrikaansk boer, ûnderwizer, rjochter, filmregisseur en dokumintêremakker fan Afrikaner etnysk komôf. Hy waard fral bekend troch syn humoristyske natoerdokumintêre Beautiful People en troch syn komeedzje The Gods Must Be Crazy.
Jamie Uys | ||
regisseur en/of produsint | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jacobus Johannes Uys | |
nasjonaliteit | Súdafrikaansk | |
berne | 30 maaie 1921 | |
berteplak | Boksburg (Súd-Afrika) | |
stoarn | 29 jannewaris 1996 | |
stjerplak | Jehannesburch (Súd-Afrika) | |
etnisiteit | Afrikaner | |
wurkpaad | ||
wurksum as | regisseur, dokumintêremakker | |
bekenste produksje(s) |
The Gods Must Be Crazy Beautiful People | |
jierren aktyf | 1951 – 1996 | |
prizen | Golden Globe 1974 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeUys waard yn 1921 berne yn it ôfhandige Boksburg, yn 'e Transfaal. Hy learde foar wiskundelearaar, en kaam ûnder syn stúdzje yn 'e kunde mei syn lettere frou Hettie, dy't ek wiskunde ûnderwize woe. Tegearre stiften hja letter in boerebedriuw en ferskate hannelsposten oan 'e rivier de Palala. Meitiid waard Uys yn dy krite beneamd ta de pleatslike rjochter, en yn in fraachpetear fertelde er jierren letter dat er om sitting te hâlden yn it neiste plysjeburo eltse tiisdei in reis troch de wyldernis meitsje en in pear rivieren oerswimme moast.
Karriêre as regisseur
bewurkje seksjeYn 1951 makke Uys syn debút as regisseur mei de Afrikaansktalige film Daar Doer in die Bosveld. Hy waard fassinearre troch de natoer, en benammen troch de natoer yn 'e woastyn. Syn film Dirkie, út 1969, dy't yn it Ingelsk ûnder de titel Lost in the Desert útbrocht waard, giet oer de achtjierrige jonge Dirkie Hayes (spile troch Uys syn soan Wynand Uys), dy't in fleantúchûngemak yn 'e midden fan 'e Kalaharywoastyn oerlibbet en it almar wanhopiger krewearjen fan syn heit (spile troch Uys sels) om him te finen en te rêden.
Beautiful People (eins folút: Animals Are Beautiful People) wie in natoerdokumintêre oer it plante- en bistelibben yn 'e woastynkriten fan Súd-Afrika, Namybje, Botswana en Simbabwe, dy't Uys yn 1974 makke. Syn humoristyske en betiden hilaryske njonkeninoarpleatsing fan apart bistegedrach en drûge teksten wiene in grut súkses, en Beautiful People wûn yn 1974 de Golden Globe foar bêste dokumintêre. Yn ien fan 'e tinkwurdichste sênes liet Uys sjen wat der bart as oaljefanten, knobbeswinen, apen en oare bisten dronken wurde trochdat se har te goed dien hawwe oan it troch rotting fermintearre fruit fan 'e marûlabeam.
Yn 1977 makke Uys de dokumintêre Funny People, wat in iere foarm it programma mei de ferburgen kamera wie, wêrby't er (krekt as letter yn Bananasplit) grappen úthelle mei willekeurige, neatfermoedzjende foarbygongers. Tsjintwurdich sjocht nimmen dêr mear fan op, mar yn dy tiid wie soks yn Súd-Afrika baanbrekkend wurk.
Uys syn grutste súkses en bekendste film wie lykwols The Gods Must Be Crazy ("De Goaden Moatte Wol Gek Wêze"), út 1980. Dat wie in komeedzje mei twa ferhaallinen wêryn't Uys him û.m. fan slapstickmetoaden betsjinne. Yn 'e iene ferhaalline smyt in ûnachtsume piloat boppe de Kalahary in leech Coca Cola-fleske út it rút, dat dêrnei fûn wurdt troch in San-stamme, dy't mient dat it in geskink fan 'e goaden is. As it iennichste hurde en folslein wettertichte foarwerp dat se ea sjoen hawwe, reitsje de San ûnderling deilis om it ding, oant men úteinlik kedizet dat it werombrocht wurde moat nei de goaden, om't it allinne mar ellinde bringt. In jager, spile troch N!xau ǂToma, nimt dy taak op him, mar kriget der hiel wat mei te stellen as er oan 'e râne fan 'e Kalahary foar it earst yn kontakt komt mei de Westerske maatskippij. De twadde ferhaalline giet oer de ûntstellend ûnhandige blanke wittenskipper (Marius Weyers) dy't him úteinlik oer de San-jager ûntfermet, en dy't op in hilarysk knoffelige wize besiket om 'e nije skoaljuffer (Sandra Prinsloo) yn it doarp it hof te meitsjen. De rjochten fan The Gods Must Be Crazy waarden ferkocht oan 45 lannen, en de film wie te sjen yn Noard-Amearika, Jeropa en Japan. Yn 1981 wûn Uys der de grutte priis mei opt it Festival International du Film de Comedy Vevey. Yn 1989 makke er in minder súksesfol ferfolch, The Gods Must Be Crazy II, mei twa soartgelikense ferhaallinen oer de San en in pear blanken.
Priveelibben en dea
bewurkje seksjeUys mocht graach bûtendoar ferkeare, en om oan 'e drokte fan Jehannesburch, dêr't er wenne, te ûntsnappen, hied er in hutsje sûnder elektrisiteitfoarsjennings oan 'e Súdafrikaanske kust, yn 'e Eastkaap, dêr't er in protte tiid trochbrocht. Begjin jierren tachtich, doe't soks him barre mocht, liet er dêr fuortby in fan alle moderne gemakken foarsjoen fakânsjehûs sette. Uys wie ek in fanatyk amateur-botanikus, dy't sels in grut herbarium oanlein hie. Yn 1996 kaam er op 'e âlderdom fan 74 jier hommels te ferstjerren oan in hertoanfal.
Filmografy (in kar)
bewurkje seksje- 1951 – Daar Doer in die Bosveld
- 1960 – Rip van Wyk
- 1965 – All the Way to Paris
- 1965 – Dingaka
- 1967 – After You, Comrade
- 1969 – Dirkie (yn it Ingelsk útbrocht as Lost in the Desert)
- 1974 – Beautiful People (eins: Animals Are Beautiful People)
- 1977 – Funny People
- 1980 – The Gods Must Be Crazy
- 1983 – Funny People II
- 1989 – The Gods Must Be Crazy II
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |