Jan Hendrik Herman Piccardt
Jan Hendrik Herman Piccardt (Adorp, 20 april 1866 - Haren, 30 maaie 1956) wie in Nederlânske bestjoerder.
Hy wie in soan fan dûmny Coenraad Hendrik Piccardt en in neisiet fan Henric Piccardt.[1] Fan 1893 oant 1897 wie er boargemaster yn Adorp. Dêrnei ferfolle er itselde amt yn sawol Finsterwolde (1897-1901) as Wûnseradiel (1901-1919). Nei syn boargemasterskip wie er oant syn pinsjoen foarsitter fan de ried fan de arbeid yn Snits.
Nei syn pinsjonearring spile Piccardt in wichtige rol yn it sosjale libben yn de stêd Grins. Sa ivere er foar folkstunen en stie er oan 'e widze fan in túndersferiening dy't de namme Piccardthof drage soe. Dêrnei binne - nei syn dea - ek de Piccardthofplas en de wenwyk Piccardthof nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|