Jan Hoogland (politikus)
Jan Louws (Jan) Hoogland (Frjentsjer, 29 april 1896 - Ljouwert, 4 oktober 1980) wie in Nederlânske politikus fan de VDB en letter de Partij fan de Arbeid fan Frysk komôf.
Jan Hoogland (politikus) | ||
politikus | ||
echte namme | Jan Louws Hoogland | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 29 april 1896 | |
berteplak | Frjentsjer | |
stjerdatum | 4 oktober 1980 | |
stjerplak | Ljouwert | |
partij | VDB (oant 1946) Partij fan de Arbeid | |
Lid Provinsjale Steaten, lid Deputearre Steaten | ||
amtsperioade | 1946 - 1966 | |
Earste Keamerlid | ||
amtsperioade | 1946-1960 / 1960-1961 | |
offisjele webside | ||
parlement.com |
Jan Hoogland waard berne yn in boerefamylje. Yn 1946 waard Hoogland út namme fan de PvdA lid fan sawol de Provinsjale as Deputearre Steaten fan Fryslân en de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal.
As deputearre wie Hoogland belêste mei provinsjale diken en drûge en wiete wettersteat. As lid fan de Earste Keamer wie er wurdfierder lânbou, dêr't er hieltyd it wurd fierde oer de behanneling fan de begrutting fan it Suderseefûns.
Fan 25 jannewaris 1958 oant 11 maart 1969 wie er foarsitter fan de feriening "De Friesche Elf Steden". Hy wie foarsitter by de tolfde Alvestêdetocht yn 1963, dy't de skiednis yngie as de "barre Alvestêdetocht". Fierder wied er bestjoerslid fan de Centrale Raiffeisenbank.
Hy naam ôfskied as Earste Keamerlid fanwegen syn wurksumheden as deputearre en omdat it reizgjen fan Ljouwert nei De Haach him te swier waard. Hy ferstoar yn Ljouwert yn 1980.
Trivia
bewurkje seksje- It J.L. Hooglandgemaal yn Starum is nei him ferneamd.
- Syn soan, Louw Jan, wie boargemaster fan Skylge en Brunssum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |