Jan Johannes Blanksma

Jan Johannes Blanksma (Penjum, 24 jannewaris 1875 - Leien, 22 augustus 1950) wie in Nederlânsk heechlearaar organyske gemy oan de Ryksuniversiteit Leien.

Professor J.J. Blanksma

Blanksma folge de trijejierrige Hegere Boargerskoalle-kursus yn Harns en de oare jierren oan de fiifjierrige HBS yn Ljouwert; hy folge dêr lessen by ûnder mear de gemikus dr. J. Ariëns Kappers; dêrnei studearre Blankema in jier âlde talen mei privaatlessen yn Ljouwert, wêrnei't er skiekunde studearjen gie yn Amsterdam; syn learmasters dêr wiene Jacobus van 't Hoff, Gunning, Hendrik Bakhuis Roozeboom en Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruyn; yn 1900 hellde Blankema it doktoraat yn de gemy mei it proefskrift Bijdrage tot de kennis der organische zwavelverbindingen. Hy bleau noch twa jier wurkjen yn it laboratoarium fan Lobry de Bruyn as assistint.

Blanksma waard beneamd ta earste skiekundige fan it Laboratoarium fan it Departemint fan Finânsjes ûnder de technolooch jhr. Willem Alberda van Ekenstein; hjir waarden ûndersikingen op it mêd fan sûkers, earder ûnder Lobry de Bruyn begûn, yn gearwurking mei Alberda van Ekenstein fuortset. It slagge om nije sûkers te meitsjen, benammen ribose; ek slagge it om nei te gean hokker stof ûntstie as men sûkers mei soer ferhjitte, it oksymetylfurfurol, in ferbining dy't mei bepaalde reagintsia sekere kleurferoarings joech, wêrtroch't it mooglik waard om sûkers op te spoaren. Dy stof liende him der ek foar om keunsthuning, dêr't se yn foarkaam, te ûnderskieden fan natuerhuning, wêryn't se net foarkaam.

Al earder slagge it Blanksma ferbinings gear te stallen, dy't in soad liken op de bekende eksplosyfstof: pikrinesoer (trinitrofenol); dizze nije eksplosyfstoffen, wichtich om harren wittenskiplike betsjutting, mar te djoer foar gebrûk yn de praktyk, wiene it besibbe tetranitrofenol en pentanitrofenol. Blanksma beskreau dy ferbiningen en oaren (soms tegearre mei Alberda van Ekenstein) yn ûnder mear de Verslagen van de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen, de Berichte der Deutschen Chemischen Gesellschaft, it Recueil des Traveaux Chimiques des Pays Bas et de la Belgique en it Chemisch Weekblad.

Fan 1903 - 1909 ûnderhâlde Blanksma de relaasjes mei de Universiteit fan Amsterdam troch it ferfoljen fan de funksje fan privaatdosint yn de organyske gemy, tagelyk mei de betrekking oan it laboratoarium. Yn 1914 waard hy beneamd ta heechlearaar oan de universiteit fan Leien.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1914. Prof. J.J. Blanksma, Eigen Haard, siden 537-538.